Skiednis fan Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rüstringen=>Rjustringen
Rigel 18:
De stêd koe it net rjocht lykfine mei de swakke hâlding fan de Hânze foar de seerôvers oer. Dêrneist woe Bremen syn bân mei de Friezen yn [[Bûtjadingen]] goed hâlde om sa de macht oer it gebiet by de mûning fan de Wezer te krijen.
 
Bremen woe in frije Ryksstêd wurde, mar krige dy status pas yn 1646 (Linzer Diplom). De Wezer ferbûn de stêd Bremen mei de [[Noardsee]] en sa wie de stêd twongen om de skipfeart oer de rivier yn it gebiet [[RüstringenRjustringen]] feilich te stellen tsjin Fryske haadlingen en it greefskip Oldenburch. Yn it jier 1424 krige Bremen in slimme tebeksetter doe't in ferbûn fan Fryske haadlingen de macht yn RüstringenRjustringen wer oernamen. Dêrop ûnstie politike ûnrêst yn de stêd. Der waard in nije stedsrie keazen en de boargemaster flechte yn 1425 út de stêd en mobilisearre de Hânze, dy't Bremen yn 1427 út it bûn smiet. Yn 1428 krige de stêd in nij stedsrjocht.
 
Fan 1452 ôf hie de greve Gerd fan Oldenburch ynfloed op de hannel troch lân- en seerôf. Yn 1464 ferlear Bremen mei syn Fryske bûnsmaten in slach tsjin Oldenburch, wêrnei't greve Gerd besocht de stêd oan te fallen. Pas yn 1474 kaam de tsjinoanfal mei help fan oare foarsten en stêden, úteinlik waard de oarloch tsjin de greve fan Oldenburch wûn yn it jier 1482.