Iersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 8:
 
== Skiednis ==
It âldste Iersk dat bekend is binne wat [[Ogam skriften]] út de fjirde ieu. Sûnt de ynfallen fan de [[Wytsingen]] yn de achtste ieu wie it Iersk net langer de iennichste taal fan it Ierske eilân. Lykwols bleau de ynfloed fan de Wytsingen navenant lyts omt hja yn isolearre mienskippen wennen tichtby de see. Fan it Ald-Ierske tiidrek dêr't tusken 600 en 900 sprake fan wie, binne aardich wat skriften oerlevere. It Ald-Iersk is in dregeslimme standerttaal.
 
It Mid-Iersk (tusken [[900]]-[[1200]]) is wat de grammatika oanbelanget in stik ienfâldiger as it Ald-Iersk. Om [[1200]] hinne kaam der in nije groep Wytsingen op it eilân, mar dy hienen noch net folle ynfloed op it gebrûk fan it Iersk. Doe't de Ingelsken mear ynfloed krigen op it eilân kaam de taal stadichoan ûnder gruttere bûtenlânske drok te stean. Yn de [[14e ieu]] waard it [[Frânsk]] as bestjoerstaal brûkt, en wie it [[Ingelsk]] allinnich yn de kriten fan [[Dublin]] (''The Pale'') te hearren. Troch de Ingelske oerhearskers waard de Ierske taal yn [[1366]] ferbean. Dochs prate healwei de [[16e ieu]] suver elkenien op it eilân Iersk. Nei politike strideraasjes moast de Ierske adel yn [[1607]] fuort. Dêrnei wurdt de posysje fan it Ingelsk hieltyd wichtiger op it eilân en rint it brûken fan de taal stadichoan tebek.