Henri Matisse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Portrait of Henri Matisse 1933 May 20.jpg|thumbnail|right|200px|Henri Matisse]]
'''Henri Matisse''' ([[Le Cateau-Cambrésis]], [[31 desimber]] [[1869]] - [[Nice]], [[3 novimber]] [[1954]]) wie in [[Frankryk|Frânsk]] keunstskilder en makke bylden. Henri Matisse wurd sjoen as de grûnlizzer fan it [[Fauvisme]].
 
== Jonge libben ==
Matisse wurdt berne as soan fan in nôtnhanneler en in mem dy’t skildere. In syn jeugd hie Matisse noch gjin belangstelling foar it skilderjen. Hy wie wol bot ynteressearre yn stoffen, tapiten en borduerwurk. Yn syn berteplak [[Le Cateau]]-Cambrésis wie yn dy tiid in bloeiende tapiten yndustry.
Henri Matisse studearre rjochten yn [[Parys]] en wurke dêrnei as klerk by in advokaat yn [[Saint -Quentin]]. Yn syn frije tiid begûn Henri tekenlessen te nimmen by de lokale keunstskoalle. Yn [[1890]] wurdt Henri Matisse siik. Hy moast in [[bline term]]operaasje ûndergean. Hy krige doe fan syn mem in doaske mei oaljeferve. Sa is syn karriêre begûn. Hy makke syn earste skilderij mei de namme: “stillibben mei boeken”.
 
== It Skilderjenskilderjen ==
Matisse begjint printen te kopiearen en op oanrieden fan de tapytfabryksdirekteur dêr't hy syn sikehûskeamer mei dield, naam hy lessen oan in skoalle foar tekstylûntwerpers yn Saint- Quentin. Yn 1892 gie hy nei Parys wêr't hy nei in akademy gie, de akademy Julian. Jûns skildert hy yn it [[Louvre]] skilderijen nei fan de âlde masters lykas [[Raphael]], [[Chardi]] en [[Poussin]]. Ek probearret hy talitten te wurden op de Ecole de Beaux-Arts. Mar dit gie mis, neffens de skoalle hie hy in gebrek oan talint. Wol mocht hy yn it atelier fan Gustave Moreau yn Parys wurkje. Dêr moete hy ûnder oaren Marquet en Renault. Troch kennis te meitsje mei de skilder en samler [[John Russel]] leart hy it wurk fan de ympresjonisten en it neo-ympresjonisme. Yn it begjin fertoane syn skilderijen donkere kleuren. Mar syn doeken kleurje hieltyd better. Dit neidat hy it wurk fan [[Vincent fan Gogh]] en [[Cammile Pissarro]] sjoen hat. Hy komt ek yn de kunde mei [[Georges Roualt]], [[Charles Comoin]], [[Henri Manguin]] en mei de [[Belgje|Belch]] [[Henri Evenpoel]]. Dizze lêste soe tegearre mei Matisse in grut oanhinger wurde fan it Fauvisme.
 
Yn [[1896]] debutearre Henri Matisse op de salon de la Societe Nationale des Beaux Arts. Fan de fjouwer wurken wurde der twa ferkocht. Matisse wurdt ek lid fan de Salon. Hjirtroch kin hy yn de takomst eksposearje sûnder tuskenkomst fan in sjuery dy’t syn skilderijen ôfkarre kinne.