Der binne fan âlds alve '''Fryske stêden''' yn [[Westerlauwersk Fryslân]]. De measte hjirfan binne ûntstien, net troch't se stêdrjochten fan in hear krigen, mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat. Meidat de measte hannel [[Fryske skiednis|earder]] mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene, lizze de meeste stêden yn it westen fan de provinsje; mar twa lizze eastlik fan de eardere [[Middelsee]].
== Alvestêdetochten ==
As it sterk iis is, wurdt winters de ferneamde [[Alvestêdetocht]] op redens hâlden. Dêrneist wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein, de Kuier- en [[Alvestêdetocht op de fyts|Fyts]]-alvestêdetochten binne dêr de bekendste fan.