Haadling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolle mei ynformaasje út it boek fan Oebele Vries, siden 64-66
Rigel 14:
De tanimmende macht fan de haadlingen late lykwols net ta in fersterking fan rjocht en oarde yn Westerlauwersk Fryslân, mar wol ta in skaalfergrutting fan de ûnderlinge konflikten tusken haadlingen. Trochdat guons fan har grutte talen ûndersaten mobilisearre koenen om mei te dwaan oan kriichstochten, wylst sy fakentiden ek noch steande legerkes fan hierlingen op nei hâlden, waarden hieltyd gruttere parten fan de maatskippij by gefjochten belutsen. Dat alles kaam de geregelde foargong fan de rjochtspraak net ten goede hokke troch dizze ûntwikkeling fierder ûntregele en ferknûkelje waard.
 
De haadlingen hearskippij oer de steden wie minder absolut as oer de doarpen, mar de trije machtichste haadlingenlaachen fan Fryslân, de [[Siaerda]]s, [[Harinxma]]s en [[Juwinga]]s hienen op in bepaald stuit de folsleine sizzenskip oer respektivelik [[FrentsjerFrjentsjer]], [[Snits]] en [[Boalsert]]. Oars as yn [[Eastfryslân]] koe gjin fan de haadlingen de oerhân ferkrigekrije. In lânshaadling hat der yn Westerlauwersk Fryslân neat west.
 
Mei de komst fan [[Saksyske tiid|Saksyske hartoggen]] yn [[1498]] kaam der stadichoan in ein oan de selsstannich macht fan de haadlingen. De Saksen, en nei harren de Boergondyske Keizers hawwe mei privileezjes de measte haadlingen oan it lânsbewâld bûn. Yn guon gefallen krige in haadling in aadlike titel, de oare privilegearde haadlingen neamden har ''hearskip'' of ''jonker''. Troch de 16e en 17e ieu hienen dizze hearskippen noch in grutte ynfloed op it bestjoer fan Fryslân, mei't hja faak de, hast erflike, funksje fan [[grytman]] hienen. Earst yn de [[Bataafske Republyk]] kaam der in ein oan dizze bestjoerlike macht.