Ferskil tusken ferzjes fan "Haadling"

3 bytes lytser ,  11 jier lyn
De haadlingen hearskippij oer de steden wie minder absolut as oer de doarpen, mar de trije machtichste haadlingenlaachen fan Fryslân, de [[Siaerda]]s, [[Harinxma]]s en [[Juwinga]]s hienen op in bepaald stuit de folsleine sizzenskip oer respektivelik [[Frjentsjer]], [[Snits]] en [[Boalsert]]. Oars as yn [[Eastfryslân]] koe gjin fan de haadlingen de oerhân krije. In lânshaadling hat der yn Westerlauwersk Fryslân neat west.
 
Mei de komst fan [[Saksyske tiidSaksentiid|Saksyske hartoggen]] yn [[1498]] kaam der stadichoan in ein oan de selsstannich macht fan de haadlingen. De Saksen, en nei harren de Boergondyske Keizers hawwe mei privileezjes de measte haadlingen oan it lânsbewâld bûn. Yn guon gefallen krige in haadling in aadlike titel, de oare privilegearde haadlingen neamden har ''hearskip'' of ''jonker''. Troch de 16e en 17e ieu hienen dizze hearskippen noch in grutte ynfloed op it bestjoer fan Fryslân, mei't hja faak de, hast erflike, funksje fan [[grytman]] hienen. Earst yn de [[Bataafske Republyk]] kaam der in ein oan dizze bestjoerlike macht.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
19.975

bewurkings