Skiednis fan Bremen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rüstringen=>Rjustringen
lyts guod
Rigel 4:
Yn de earste fiif ieuwen foar de jiertelling ûntjoech him in tydlike folksgroep yn it gebiet yn en om Bremen hinne, dêr't hjoed de dei net sa'n protte oer bekend is, de [[Sjauken]]. Wierskynlik binne de Sjauken letter opgien yn de Fryske en it Saksyske stammen.
 
Yn de tiid fan de kerstening fan it noarden fan EuropaJeropa stjoerde [[Karel de Grutte]] de missionarismisjonaris [[Willehad]] yn 780 nei it lân oan de Wezer. Yn 782 neamde Willehad de stêd Bremen yn ien fan syn skriften. Troch syn plak oan de Wezer waard Bremen al gau in omslachhaven foar Fryske hannelers.
 
Fan de earste stedsmuorren en wâlen fan 1032 en 1157 wie om 1229 in slutende stedsmuorre – de "murus civitatis" – wurden. Yn de midsieuwen wie de stêd in [[hânze]]stêd en it gebiet letter in geastlik foarstedom dat grutte dielen fan it gebiet tusken [[Wezer]] en [[Elbe]] omklamme.
 
Yn de jierren [[1158]], [[1185]] en [[1240]] fernielden stedsbrannen grutte dielen fan de stêd. Lykwols wennen yn de earste helte fan de 13e ieu tusken de 10.000 en 15.000 minsken yn Bremen.
Rigel 18:
De stêd koe it net rjocht lykfine mei de swakke hâlding fan de Hânze foar de seerôvers oer. Dêrneist woe Bremen syn bân mei de Friezen yn [[Bûtjadingen]] goed hâlde om sa de macht oer it gebiet by de mûning fan de Wezer te krijen.
 
Bremen woe in frije Ryksstêd wurde, mar krige dy status pas yn 1646 (Linzer Diplom). De Wezer ferbûn de stêd Bremen mei de [[Noardsee]] en sa wie de stêd twongen om de skipfeart oer de rivier yn it gebiet [[Rjustringen]] feilich te stellen tsjin Fryske haadlingen[[haadling]]en en it greefskip Oldenburch. Yn it jier 1424 krige Bremen in slimme tebeksetter doe't in ferbûn fan Fryske haadlingen de macht yn Rjustringen wer oernamen. Dêrop ûnstie politike ûnrêst yn de stêd. Der waard in nije stedsrie keazen en de boargemaster flechte yn 1425 út de stêd en mobilisearre de Hânze, dy't Bremen yn 1427 út it bûn smiet. Yn 1428 krige de stêd in nij stedsrjocht.
 
Fan 1452 ôf hie de greve Gerd fan Oldenburch ynfloed op de hannel troch lân- en seerôf. Yn 1464 ferlear Bremen mei syn Fryske bûnsmaten in slach tsjin Oldenburch, wêrnei't greve Gerd besocht de stêd oan te fallen. Pas yn 1474 kaam de tsjinoanfal mei help fan oare foarsten en stêden, úteinlik waard de oarloch tsjin de greve fan Oldenburch wûn yn it jier 1482.