Claude Monet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: hy:Կլոդ Մոնե
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 1:
[[Ofbyld:ClaudeMonet.jpg|thumb|leftright|Claude Monet]]

'''Claude Oscar Monet''', ([[Parys]], [[14 novimber]] [[1840]] - [[5 desimber]] [[1926]]) wie in Frânske skilder. Monet wie ien fan de liedende skilders yn de [[ympresjonisme|ympresjonistyske]] styl.
 
=== Biografy ===
Monet is berne yn [[Parys]] en ferhuze doe't er sawat 5 jier wie mei syn famylje nei [[Le Havre]]. Monet wie yn de jierren 1861-62 yn militêre tsjinst yn [[Afrika]], wat syn lettere kar om benammen lânskippen te skilderjen beynfloede hawwe kin.<br />
Fan likernôch [[1865]] ôf hie Monet in relaasje mei [[Camille Doncieux]]. Yn [[1867]] waard harren earste soan, Jean, berne yn Parys. Se trouden yn de simmer fan [[1870]]. Harren houliksreis gie nei [[Trouville]], mar fanwege de oarloch tusken Frankryk en de Prusen flechten se nei [[Londen]]. Fia Nederlân kamen se werom yn Frankryk dêr't se harren yn [[Arqunteuil]] ta wenjen setten. Dat plak wie fia it Paryske [[stasjon Saint-Lazere]], dêr't Monet ferskate skilderijen fan makke hat, maklik te berikken. Finansjeel gie it Monet yn dy perioade foar de wyn: syn skilderijen ferkochten goed.
[[Ofbyld:Claude Monet-Waterlilies.jpg|thumb|Pompeblêdefiver (1899)]]
Line 8 ⟶ 11:
Yn 1911 ferstoar Alice, yn 1914 folge troch Monet syn âldste soan Jean. Jean wie troud mei de twadde dochter fan Alice, Blanche. Blanche soarge as widdo foar de skilder op jierren. Monet is 86 jier wurden.
 
=== Wurk ===
[[Ofbyld:Claude Monet, Impression, soleil levant, 1872.jpg|thumb|Impressions du soleil levant (1899)]]
Nei earst benammen karikatuertekeningen makke te hawwen, begûn Monet op syn 24ste mei it skilderjen fan lânskippen yn de bûteloft, soks op oanrieden fan de Normandyske skilder [[Eugène Boudin]]. Monet skildere benammen de lânskippen yn syn eigen omjouwing: yn [[Arquenteuill]] it ferneamde fjild mei klaproazen en yn Giverny stikken fan syn eigen tún dy't letter in toeristysk plak wurden is. Syn skilderij ''Impression, soleil levant'' út [[1874]] joech oanlieding ta de namme ''ympresjonisme''.
 
=== Keppeling om utens ===
 
=== Keppeling om utens ===
* http://www.ibiblio.org/wm/paint/auth/monet/
* [http://www.monetalia.com Monetalia]
 
{{DEFAULTSORT:Monet, Claude}}
[[Kategory:Frânsk keunstskilder]]
 
[[Kategory:Skilder]]
[[Kategory:Ympresjonisme]]