Claude Monet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
+
Rigel 1:
[[Ofbyld:ClaudeMonet.jpg|thumb|right|Claude Monet]]
 
'''Claude Oscar Monet''' ([[Parys]], [[14 novimber]] [[1840]] - [[Giverny]] ([[Heech-Normandje]]), [[5 desimber]] [[1926]]) wie in Frânske skilder. Monet wie ien fan de liedende skilders yn de [[ympresjonisme|ympresjonistyske]] styl.
 
== Biografy ==
Rigel 7:
Fan likernôch [[1865]] ôf hie Monet in relaasje mei [[Camille Doncieux]]. Yn [[1867]] waard harren earste soan, Jean, berne yn Parys. Se trouden yn de simmer fan [[1870]]. Harren houliksreis gie nei [[Trouville]], mar fanwege de oarloch tusken Frankryk en de Prusen flechten se nei [[Londen]]. Fia Nederlân kamen se werom yn Frankryk dêr't se harren yn [[Arqunteuil]] ta wenjen setten. Dat plak wie fia it Paryske [[stasjon Saint-Lazere]], dêr't Monet ferskate skilderijen fan makke hat, maklik te berikken. Finansjeel gie it Monet yn dy perioade foar de wyn: syn skilderijen ferkochten goed.
[[Ofbyld:Claude Monet-Waterlilies.jpg|thumb|Pompeblêdefiver (1899)]]
Yn 1879 waard de twadde soan, Michel, berne, koart foardat de famylje Monet nei [[Vétheuil]] ferhuze. Yn [[1879]] ferstoar Camille. Monet huze doe al mei [[Alice Hoschedé]] en har man Ernest. Dy ûngebrûklike ferhâlding wie de oanlieding ta in stream fan geroften en Monet syn relaasje mei kollega skilders kaam dêrtroch ûnder druk te stean. Yn [[1883]] ferhuze de 'ménage' mei harren acht bern nei [[Giverny]]. Yn [[1891]] ferstoar Ernest, wat it paad frij makke foar in houlik tusken Monet en Alice. Foar de famylje Monet bruts in rike tiid oan.
 
Yn 1911 ferstoar Alice, yn 1914 folge troch Monet syn âldste soan Jean. Jean wie troud mei de twadde dochter fan Alice, Blanche. Blanche soarge as widdo foar de skilder op jierren. Monet is 86 jier wurden.