Paul Cézanne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 4:
'''Paul Cézanne''' ([[19 jannewaris]] [[1839]] - [[22 oktober]] [[1906]]) wie in Frânske skilder. Hy libbe en wurke yn [[Aix-en-Provence]]. Syn wurk foarme in brêge tusken it [[ympresjonisme]] en it [[kubisme]].
 
=== Biografy ===
Al yn syn skoallejierren, sa fan [[1856]] ôf, folge Cézanne in jûnskursus tekenjen by Joseph-Marc Gibert yn it museum fan Aix. Tusken [[1959]] en [[1861]] studearre Cézanne rjochten, mar hy folge tagelyk teken- en skilderlessen. Hy wurke in skoftke foar de bank fan syn heit, mar dat befoel him net. Tsjin it sin fan syn heit makke Cézanne in kar foar de keunst. Hy folge syn freon [[Émile Zola]] nei [[Parys]]. Syn heit, dy’t tige ryk wie - hy hie earst as huoddemakker wurke eart hy de bank Cézanne & Cabassol mei oprjochte - stipe him úteinlik al, sadat Cézanne finansjeel ûnôfhinklik wurkje koe. Yn Parys studearre hy oan de Académie Suisse. Tusken [[1863]] en [[1869]] probearre hy te eksposearjen by de offisjele "salon", mar hy waard dêr kear op kear wegere. Hy eksposearre tegearre mei oaren op de [[Salon des Refusés]] yn [[1863]]. Hy moete dêr [[Camille Pissarro]] en oare ympresjonisten mar fûn net in soad oansluting. Dochs wie der wurk fan him te sjen op de earste eksposysjes fan de ympresjonisten yn [[1874]] en [[1875]].
Yn [[1882]], tweintich jier nei syn earste besykjen dêr binnen te kommen, waard it wurk fan Cézanne talitten yn de Salon.
Rigel 14:
Paule Cézanne is ferstoarn op 22 oktober 1906 yn syn wenplak. Hy skynt eigensinnich en tige op himsels west te hawwen, mei suver gjin freonen.
 
=== Ynfloeden ===
Cézanne wie al fan jongs ôf, sûnt de tiid dat se op it Collège Bourbon sieten, befreone mei de skriuwer [[Émile Zola]], mar se krigen letter ûnienichheid troch de beskriuwing dy’t Zola joech fan Cézanne en de losse libbensstyl fan de ympresjonisten yn syn roman ''L'Oeuvre'' (''It wurk'' [[1886]]).
 
Om te oefenjen kopiearre Cézanne wurken fan [[Eugene Delacroix]] en [[Nicolas Poussin]] dy’t yn it [[Louvre]] hongen. Hy bewûndere ek [[Gustave Courbet]] en [[Edouard Manet]]. Yn 1888 skildere Cézanne tegearre mei [[Auguste Renoir|Renoir]]. Yn 1894 hie hy kontakt mei [[Claude Monet]] yn [[Giverny]]. Dêr moete hy ek de byldhouwer [[Auguste Rodin]].
 
=== Wurk ===
It wurk fan Cézanne is yn fjouwer perioaden op te dielen. De neamde jiertallen binne net alhiel krekt omdat in eksakte datearring meastentiids ûntbrekt op it wurk fan Cézanne.
 
Rigel 29:
Cézanne makke sa'n 950 oaljeferve skilderijen en ûngefear 650 akwarellen.
 
=== Eksterne ferwizings ===
* [http://www.ibiblio.org/wm/paint/auth/cezanne/ Wurk fan Cézanne yn it WebMuseum]
* [http://www.artcyclopedia.com/artists/cezanne_paul.html Cézanne by Artcyclopedia mei tal fan ferwizings]