Paul Gauguin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh-min-nan:Paul Gauguin; tekstwiziging
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 1:
'''Paul Gauguin''', berne as Eugène Henri Paul Gauguin ([[7 juny]] [[1848]] - [[9 maaie]] [[1903]]) wie in let[[ympresjonisme|ympresjonistyske]] Frânske skilder.
 
[[Ofbyld:Gauguin.swineherd.750pix.jpg|thumb|De Bargehoeder (1888)]]
 
Gauguin, berne yn [[Parys]], stamme ôf fan [[Spanje|Spaanske]] kolonisten yn [[Súd-Amearika]] en brocht syn betide bernetiid troch yn [[Lima]]. Neidat hy syn oplieding yn Orleans yn [[Frankryk]] ôfmakke hie, siet er 6 jier by de keapfardij en letter by de [[Frânske marine]]. Werom yn Frankryk yn [[1880]] waard hy assistint by beursmakelaar [[Gustav Arosa]], in suksesfol sakeman en keunstsamler. Gauguin kaam fia him yn de kunde mei de ympresjonisten. Yn novimber [[1873]] troude Gauguin mei de Deenske Mette Sophie Gad. Se soene fiif bern krije. As beursmakelaar wie hy suksesfol en hy folge Arosa yn in sammeljen fan keunst en wie boppedat in tige fertsjinstlik amateurskilder dy't yn de ympresjonistyske styl skildere.
'''Paul Gauguin''', berne as Eugène Henri Paul Gauguin''' ([[Parys]], [[7 juny]] [[1848]] - [[9 maaie]] [[1903]]) wie in let[[ympresjonisme|ympresjonistyske]] Frânske skilder.
 
==Biografy==
Gauguin, berne yn [[Parys]], stamme ôf fan [[Spanje|Spaanske]] kolonisten yn [[Súd-Amearika]] en brocht syn betide bernetiid troch yn [[Lima]]. Neidat hy syn oplieding yn Orleans yn [[Frankryk]] ôfmakke hie, siet er 6 jier by de keapfardij en letter by de [[Frânske marine]]. Werom yn Frankryk yn [[1880]] waard hy assistint by beursmakelaar [[Gustav Arosa]], in suksesfol sakeman en keunstsamler. Gauguin kaam fia him yn de kunde mei de ympresjonisten. Yn novimber [[1873]] troude Gauguin mei de Deenske Mette Sophie Gad. Se soene fiif bern krije. As beursmakelaar wie hy suksesfol en hy folge Arosa yn in sammeljen fan keunst en wie boppedat in tige fertsjinstlik amateurskilder dy't yn de ympresjonistyske styl skildere.
 
Yn [[1882]] stoarte de beurs yn en rekke Gauguin syn baan kwyt. Yn [[1884]] ferhuze hy mei syn húshâlding nei [[Kopenhagen]], dêr't hy as fertsjintwurdiger fan in Frânske tekstylfabrikant net echt suksesfol wie. Hy woe him leaver alhiel talizze op it skilderjen en gie, nei in mislearre tentoanstelling fan syn wurk yn Denemarken, werom nei Parys. Hy liet dêrby syn frou en bern sûnder jild efter, en sy hie gjin oare opsje as wer by har âlden yn te lûken.
Line 14 ⟶ 16:
Yn [[1891]] gie Gauguin nei tropyske oarden om de Europeeske beskaving (en syn skuldeaskers) te ûntrinnen. Hy woe alles wat keunstmjittich en konvinsjoneel wie efter him litte. Hy hie dêrby in romantysk byld fan de primitive minsk (sa't [[Jean-Jacques Rouseau]] dy beskreaun hie) en sette him ôf tsjin de boargerlike maatskippij. Faaks hat ek it feit dat hy yn Frankryk as keunstner suver gjin erkenning krige dêrby in rol spile. Hy hâlde earst op Tahity ta, dêr't er ferskate masterwurken skildere hat, mar dêr't er yn [[1898]] ek besocht hat himsels te koart te dwaan. Yn [[1893]] en [[1894]] kaam er noch ien kear nei Europa, nei Parys en Kopenhagen, mar hy gong yn 1894 foar altyd nei de tropen. Hy libbe mei [[Paou'óura]] mei wa't er yn [[1899]] in soan, Emile, krige. Yn [[1901]] gong er nei de [[Marquesas Eilannen]]. Yn [[1903]] kaam Paul Gauguin oan syn ein, besmet mei syfilis en nei ferskate hertoanfallen. Hy is begroeven op in hôf yn [[Atuona]] yn [[Frânsk-Polineezje]].
 
=== It wurk fan Gauguin ===
Gauguin wie in letympresjonistyske skilder. Syn wurk wjerspegele al it ûngebrûklike kleurepalet fan de fauvisten en de ekspresjonisten. Guon binne fan miening dat syn wurk in foarrinner is fan it symboalisme. De keunst fan de ympresjonisten foldie Gauguin net omdat hy benammen it ûnsichtbere werjaan woe, de gefoelens efter it byld. Njonken oaljeferve skilderijen makke Gauguin ek in soad grafysk wurk, lykas houtfiken, wêrfan de wyldens en direktens him oanspruts.
 
Line 26 ⟶ 28:
 
{{DEFAULTSORT:Gauguin, Paul}}
[[Kategory:Frânsk keunstskilder]]
 
[[Kategory:SkilderYmpresjonisme]]
 
[[an:Paul Gauguin]]