Noardfryske Feriening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Woadan (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
No edit summary
Rigel 1:
De '''Noardfryske Feriening''' (''Nordfriesische Verein'', NFV) is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan it yn 'e [[Dútslân|Dútske]] dielsteat [[Sleeswyk-Holstein]] leine [[Noard-Fryslân]]. Yn 'e fisy fan 'e NFV binne de [[Noardfriezen]] in groep mei in eigen taal, kultuer en skiednis binnen in grutter Dútsk ramt en moat dy eigen taal en kultuer beholden wurde, mar kin der fan in nasjonale minderheid of in ôfsûnderlike etnyske identiteit gjin sprake wêze.
 
De NFV is yn [[1904]] oprjochte as in dútsksinnige organisaasje, dy't tsjin 'e weropnimming fan [[Sleeswyk]] (en dêrmei [[Noard-Fryslân]], dat dêr ûnderdiel fan útmakket) yn [[Denemark]] wie. (Foar de [[Twadde Dútsk-Deenske Oarloch]] fan [[1864]] wie [[Sleeswyk]] nammentlik mei [[Denemark]] ferbûn yn in [[personele uny]].)
 
Yn [[1920]] waard yn [[Sleeswyk]] oer dat ûnderwerp in folksstimming holden en kaam [[Noard-Sleeswyk]] wer by [[Denemark]], wylst [[Súd-Sleeswyk]], dêr't [[Noard-Fryslân]] ta heart, by [[Dútslân]] bleau. Neitiid kaam de NFV linerjocht foar de deensksinnige ''Friesisch-Schleswigsche Verein'' ("Frysk-Sleeswykske Feriening"), de foarrinner fan 'e ''[[Friisk Foriining]]'', oer te stean. Dy twastriid bestie fuort oant yn 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieu en brocht de [[Noardfrysk|Noardfryske]] taalstriid in protte skea ta. Lange tiid waard it skeel ek geande holden troch persoanlike rivaliteiten en antypatyen tusken de NFV-foaroanman [[Rudolf Muuß]] en de foarsitter fan 'e ''Foriining'', [[Johannes Oldsen]].
 
Tsjintwurdich is de NFV, dy't sûnt 1993 yn Risem-Loonham (Dútsk: Risum-Lindholm) fêstige is, de grutste en ynfloedrykste fan 'e Noardfryske organisaasjes, mei 25 lokale ôfdielingen en likernôch 4.700 leden.
 
De NFV fersoarget ûnder mear taalkursussen en Noardfrysktalige berne-opfang en stipet Noardfrysktalige toaniel- en dûnsferienings en koaren. Elts jier op 21 febrewaris wurdt it folkloristysk festival ''Biikebrennen'' organisearre. Al fan [[1904]] ôf jout de NFV elts jier ek in Noardfrysk jierboek út, sûnt [[1965]] yn gearwurking mei it [[Noardfrysk Ynstitút]].
 
Der bestiet in nauwe gearwurking tusken de NFV en de ''Heimatbund Landschaft Eiderstedt'' ("Streekferiening Lânskip Eiderstedt"), de regionale feriening fan it al lang net mear Noardfrysktalige skiereilân [[Eiderstedt]], dat súdlik fan it echte [[Noard-Fryslân]] leit, mar noch wol binnen de grinzen fan 'e ''Kreis'' Nordfriesland. Dy gearwurking leit ek nochal foar de hân, want beide organisaasjes komme fuort út deselde folkloristyske oarsprong. De HLE hat sa'n 800 leden. Sawol de NFV as de HLE wurkje nau gear mei de gruttere regionale feriening dy't de hiele dielsteat beslacht, de ''Schleswig-Holsteinischer Heimatbund'' ("Sleeswyksk-Holsteinsk Streekferiening").
 
Boppedat hawwe de NFV en de HLE, tegearre mei de ''[[Friisk Foriining]]'', de Feriening fan it [[Noardfrysk Ynstitút]] en de gemeente [[Hilgelân]] sitting yn 'e ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid'' ("[[Noardfryske Rie]]"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare minderheden yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Grutfryske Rie]] foarmet.
 
 
== Eksterne Keppelings ==
 
* [http://www.nf-verein.de/ De Noardfryske Feriening] (Dútsk)
 
[[Kategory:Noardfrysk]]
 
[[de:Nordfriesischer Verein]]