Ingwierrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Ingwierrum''' is in [[terpdoarp]] mei rjochthoekige terp yn de gemeente [[Dongeradiel]]. Nei it oanlizzen fan de wei nei [[Dokkum]] is der bûten de terp ek bebouwing kommen en nei de Twadde Wrâldoarloch is de nijbouwyk It Roster derby kommen. It buorskip [[Dokkumer Nije Silen]] dat ûntstien is by de silen dy't oanlein binne by it ôfslúten fan it [[Dokkumer Djip]] falt ek ûnder Ingwierrum.
 
De namme Ingwierrum is net dúdlik. In aardige ferklearring is faaks de terpen yn 'e greiden.
Ingwierrum is al yn de Midsieuwen ûntstien op in kwelderwâl. Yn it lânskip binne der noch parten fan in 12ste ieuskse dyk werom te finen.
 
==De Tsjerke==
Ingwierrum hat in hiele moaie tsjerke. Sa as dy der no stiet is de tsjerke fan 1746. Wis is net oft men doe in nije tsjerke boud had of dat der in bakstienen omklamming om de âlde tsjerke hinne kommen is. De finsters hawwe, no hiel seldsem, latteroasters. Miskien om de brânskildere ruten te bekermjen.
 
Der binne twa brânskildere ruten yn. Dy binne yn [[1746]] makke troch [[Jurjen Staak]] út [[Snits]]. Op it iene stiet as wapen fan de skinker dat fan de Prins fan Oranje en op it oare it [[wapen fan Fryslân]]. Der omhinne steane allegoryske frouljusfiguren. Ek doe woenen de sponsors harren namme al ferivige hawwe.
 
De tsjerke hat ek noch barokke preekstoel mei de bûgde kûpe.
 
==De Toer==
De net sa hege toer moat út 14de of 15 de ieu stamme. Yn 1746 is de toer wat ferhege en hat er in sealtek krige.
 
[[Kategory:Dongeradiel]]