Rottumereach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
update en red.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rottumeroog_Rottumerplaat_6.53663E_53.54001N.jpg|thumb|right|250px|<small>Rottumereach (twadde fan rjochts)</small>]]
{{wurk}}
[[Ofbyld:R-oog Noordstrand oostrichting.JPG|thumb|250px|''Noardstrân Rottumereach'', septimber 2010]]
'''Rottumereach''' is in [[Grinslân|Grinslanner]] waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei ''Rottum''. It heart ta de gemeente [[Iemsmûn]]. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan [[Rottum (Iemsmûn)|Rottum]]. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske [[kleaster]] Sint Juliana yn dat doarp.
Line 13 ⟶ 12:
Meidat ''it Skyl'', de geul tusken Rottumereach en [[Skiermûntseach]], him yn de rin fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin yllustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.
 
De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn [[1965]]. Fan dat momint ôf wie it ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan [[riishout]]skermen en it poatsjen fan [[helmgers]], krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de rin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan [[Rykswettersteat]] om gjin ûnderhâld mear te dwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de natoerkrêften de takomst fan it eilân bepale. Der waard ferwachte dat it eilân yn in pear desennia ferdwine soe yn de Iems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media fierd waarden, waard in behearsplanbehearskplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch yn beperkte matebeheind ûnderhâld dien waardwurde soe. Op Rottumerplaat bleau it wurk beperktbeheind ta it oprêden fan oanspielde rommel. Anno 2010 liket it dêrop dat it eilân net yn de [[Iems]] te lâne komme sil. It docht nammentlik bliken dat it fuortspielde sân fan de westkant him deljout oan de eastkant en oarsom bart dat ek. Itselde proses wurdt sjoen by Rottumerplaat, [[Simenssân]] en [[Skiermûntseach]].<ref>Persoanlike meidieling fan de Steatsboskbehearder fan Rottumereach oan meidogger Drewes op 8 septimber 2010</ref>
 
[[Ofbyld:Rottumeroogpanorama.png|thumb|800px|<small>Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respektivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch te sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in [[Kaap (skipsbeaken)|kaap]].</small>]]
 
Yn [[1998]] hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdoan fersetten omdat dizzeer troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te kommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.
 
Mei trochdat it ûnderhâld, dêr't nei de besetting fan it eilân wer mei útein set wie, neat úthelle hie tsjin de grutte ôfslach oan de ein fan de jierren '90, is yn 2002 besluten om ek op Rottumereach allinnich noch twarres jiers de oanspielde rommel op te rêden. Dit skjinmeitsjen wurdt dien troch frijwilligers ûnder lieding fan in meiwurker fan Rykswettersteat. Dêrneist wurde by inkele lytse geulen om it oanlânjen folgje te kinnen prikken setten.
Line 23 ⟶ 21:
{{boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.xs4all.nl/~asz00418 Stichting Freonen fan Rottumereach en Rottumerplaat]
*<References/>
}}
{{Koördinaten|53_32_26_N_06_34_50_E_type:isle_region:NL| 53° 32' NB, 6° 35' EL}}