Haadmenu iepenje

Changes

114 bytes removed ,  9 jier lyn
 
== Biografy ==
As bern hie Maaike Schuurmans graach ballerina wurde wold, mar hja blykte dêrfoar net de goede lichemsbou te hawwen. Se studearre fan 1985 oant 1990 oan de [[Akadeemje fan Kleinkunst]] yn Amsterdam. Nei har slagjen wie se te sjen op poadia fan Nederlân, Dútslân, Belgje en fan Londen yn musicals lykas: “Cats”, “Joe, de Musical” en "Mozart”. Mar ek as ''Janke'' yn de film [[De Gouden Swipe]]. Maaike spile ek mei yn de kabaretfoarstelling [[Eurosuperfries]]” útfierd en skreaun troch [[Rients Gratama]]. Mei Rients song se letter ek it bekende “De búgel fan Looft den Heer”.
Yn Nederlân ken men har ek fan de hit “Wa’t ik bin”, in duet dat se opnaam mei popgroep “[[De Kast]]”. Mei “De Kast” wie se ek te sjen yn it muzyktheater-spektakel “Simmertime” yn “[[Simmer 2000]]”. Maaike song doe mei De Kast de singel “Wa’t ik bin”. Se hie in grutte rol op it album [[Simmertime]] mei gearwurking fan De Kast, Rients Gratama en [[Piter Wilkens]]. Oant 1 april 2001 hie se de rol fan “Magda” yn de musical “Tanz der Vampire”. Maaike is in echte poadium-persoanlikheid met in prachtige stim. Ynspirearre troch de cd “Painted from memory” (Bacharach/Costello), hat Maaike har ferdjippe yn it libben en de muzyk fan [[Burt Bacharach]] (skriuwer fan û.o. ferskes as “Raindrops keep fallin’on my head” en “Walk on by” ).It wie de basis foar har foarstelling “Anyone who had a heart”.