Cornwall: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L [[]]
Rigel 1:
[[File:EnglandCornwall.svg|thumb|Lizzing fan Cornwall yn Ingelân]]
'''Cornwall''' ({{IPA|ˈkɔːnˌwɒl}} [[Kornysk]]: ''Kernow''; ) is de namme fan it bestjoerlike [[Greefskippen fan Ingelân|greefskip]] en it hartochdom yn it uterste súdwesten fan [[Ingelân]], dat fan it greefskip [[Devon]] skieden wurdt troch de rivier de [[Tamar (Cornwall)|Tamar]]. Cornwall beslacht in oerflak fan 3.563 [[kante kilometer|km²]], tegearre mei de [[Scilly-eilannen]] dy't 45 km fan de kust lizze, en telt 513.528 ynwenners mei in befolkingstichtheid fan 144 mensen/km². De haadstêd is [[Truro (Cornwall)|Truro]]. Foar april 2009 hie Cornwall seis distrikten: [[Penwith]], [[Kerrier]], [[Carrick]], [[Restormel]], [[Caradon]] en [[Noard-Cornwall]], en de Scilly-eilannen.
 
Cornwall hat in rûch en faak noch ûnoantaaste lânskip, wêrfan [[Bodmin Moor]] in wichtich diel útmakket. It hat in [[seeklimaat]] mei relatyf sêfte winters. Meidat it der selden of nea friest binne in soad (ymportearre) [[Subtropysk klimaat|subtropyske planten]] as [[palmenfamylje|palmen]] en keamerplanten der ynboargere. Troch de frij grutte reinfal groeit [[feanmoas]] der tige wilich wat dan ek te merkbiten is oan de soad [[moeras]]sen dy't der binne. It toerisme is de grutste boarne fan ynkomsten, neist [[fiskerij]], [[lânbou]] en [[blommetylt]]. De yndustry hat him konsintrearre yn de kuststêden [[Falmouth (Cornwall)|Falmouth]], [[Fowey]] en [[Penzance]]. Cornwall is ek in gaadlik plak foar it opnimmen fan films wêrûnder [[Wycliffe]], in Ingelske plysjerige dy't begun is yn 1994 en dêr't 28 ôfleverings fan makke waarden.