Ernst Langhout: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Tebek set ta de ferzje fan "213.93.90.81"
No edit summary
Rigel 1:
'''Ernst Langhout''' (berne te [[Aldtsjerk]] op [[16 maaie]] [[1956]]) is in [[Fryslân|Fryske]] [[muzyk|muzikant]]. Bekend as folksmuzikant mei yn it begjin fan de 80-er jierren in útstapke nei de [[New Wave]] mei de band [[The Visitor]].
 
Yn it midden fan de 70-er jierren lit Langhout foar it earst fan him hearre mei de akoestyske folkgroep [[Haggis]] dêr't hy mei toert yn Skotlân. Neidat Haggis yn 1978 opdoekt is, rjochtet Langhout de new wave band [[The Nighttime Visitor]] op dy't yn 1981 fierder giet as The Visitor, dêr't hy in tal platen mei makket.
 
As ein jierren 80 The Visitor opdoekt wurdt, leit Langhout him wer ta op folkmuzyk. Ut de tiid fan The Visitor binne lykwols wat kontakten oerbleaun út East Europa en hy sil dêr ferskate Fryske bands, wêrûnder [[Weekend At Waikiki]] oan optredens helpe. It duorret oant 1990 eart syn earste solo-album "Songs" mei in soad Keltyske ynfloeden, útkomt.
 
Nei ferskate optredens yn it bûtenlân komt yn 1992 ûnder de namme "The Eye Of The Cyclone" syn twadde folkalbum út.
 
Yn [[1996]] komt mei de groep [[Big Tree]] de cd "Handful Of Illusions út. In stylfolle moeting tusken metal en folk.
 
De gearwurking mei Big Tree yn kombinaasje mei de folkgroep [[The Hones]] leveret Ernst Langhout syn earste frysktalige cd "Nea Foar Altyd" op. De moaie Fryske bewurking fan [[Bob Dylan|Dylan's]] "All Along The Watchtower" falt dêrop op. Yn [[1997]] ferskynt Langhout syn twadde frysktalige cd, "Frysk & Frij".
 
Yn [[1998]] makket Langhout mei [[The Hones]] de cd "Parties, Battles And Tragedys", in miks fan folk- en [[rock and roll|rock]]muzyk. Yn dat selde jier makket Langhout tegearre mei skriuwer en byldzjend keunstner [[Wilco Berga]] de cd "Sjonger en Dichter". Wilco Berga en Ernst Langhout hawwe ûnder deselfde namme ferskate optredens fersoarge, ûnder oaren op it Oerol Festival fan [[1999]].