Paleis Soestdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
rûnom en fan nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kat
Rigel 1:
[[Ofbyld:Palace Soestdijk.jpg|thumb|rjochts|''Paleis Soestdyk'']]
'''Paleis Soestdyk''' is in paleis oan de Amsterdamskestrjitwei yn [[Baarn]] by [[Soestdyk]].
== Jachtslot ==
 
Om 1650 liet de Amsterdamse boargemaster [[Cornelis de Graeff]], in jachthûs bouwe tusken Soest en Baarn. De jonge steedhâlder Willem III, in fervint jager, kocht de hofstede oan de Zoestdijck yn 1674.
Yn 1702 erfde de Fryskse steedhâlder [[Johan Willem Friso]] Soestdyk trochdat Willem III sûnder bern stoar. Nei it ferstjerren fan Johan Willem Friso yn 1711 wennen syn frou en soan, de lettere steedhâlder Willem IV, simmerdeis op Soestdyk. Willem IV ferstoar yn 1751 en syn frou en soan bleauwen simmerdeis op Soestdyk wenjen. Lâgoed de Eult, oan de oare jkant fan de Amsterdamsestrjitwei, tsjintwurdich de Baarnske Bosk, is troch de erven fan Willem Gideon Deutz op 17 july 1758 foar 319.000 gûne ferkocht oan de prinses-gûvernante [[Anna fan Hannover]].
De steedhâlders jagen der, harren widdo's brochten der de simmers troch. Yn 1795 ferlear de family it jachtslot. Under Frânse ynfloed waard Soestdyk ‘nasjonalisearre’. It feroare sels efkes yn in Frânse kazerne.
Yn [[1815]] wie alles wer oars. De Frânsen wienen fuort, Nederlân wie in keninkryk en de kroanprins – de lettere kening Willem II – krige it jachtslot kado foar syn optreden yn syn fjildslaggen tsjin de Frânsen.
== Simmerpaleis ==
 
De kroanprins en syn Russyske frou, prinses [[Anna Paulowna]], lieten Soestdyk ferbouwe ta in echt simmerpaleis. Der kamen twa sydfleugels en alles waard nei de smaak fan de tiid - yn empirestyl –
ynrjochte.
Ek nei harren bleau de keninklike family it paleis brûken as simmerferbliuw. Benammen keninginne-mem kaam der graach. Yn [[1928]] krige hja foar har santichste jierdei in bysûnder geskink: elektrysk ljocht op Paleis Soestdyk.
== Keninginne Juliana en prins Berhard ==
Permanint bewenne waard Paleis Soestdyk pas sûnt [[1937]], doe't prinses Juliana en prins Bernhard der nei harren trouwen yn wenjen kamen. Foar t earst yn syn skiednis waard it de wente fan in jonge húshâlding. Alle prinsessen, mei útsûndering fan prinses Margriet, waarden op Soestdyk berne. It Nederlânske folk hie it pear as Nasjonaal Huldeblyk in ferbouwing oanbean. It paleis krige sintrale ferwaarming en in komfortabel, modern appartemint oan de efterside.
[[Ofbyld:Kees Verkade beeld bij Soestdijk.JPG|thumb|120px|''byld Kees Verkade'']]
Line 15 ⟶ 16:
Nei de befrijing kaam it gesin werom en yn [[1948]] folge prinses Juliana har mem Wilhelmina op as keninginne. Paleis Soestdyk waard dêrmei de keninklike residinsje.
 
Unferjitlik binne de feestlike defilees dy't op [[Keninginnedei]]] troch de foltallige keninklike family op it bordes ôfnomd waarden.
== Ryksbesit ==
Doe't prinses Beatrix ynhuldige waard as keninginne, yn [[1980]], wie Paleis Soestdyk gjin keninklike
residinsje mear. Prinses Juliana en Prins Bernhard bleauen der wenjen oant harren dea yn 2004.
Line 30 ⟶ 32:
[[Kategory:Kastiel yn Utert (provinsje)]]
[[Kategory:Lângoed yn Utert]]
[[Kategory:Paleis yn Nederlân]]
 
[[de:Palais Soestdijk]]