Tbilisi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L The file Image:Vazisubani,_Tbilisi.jpg has been removed, as it has been deleted by commons:User:Túrelio: ''Commons:Deletion requests/File:Saint Gevorg of Mughni Church, Tbilisi (hill view).jpg''. ''Translate me!'
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:View_of_Tbilisi,_in_the_early_1900s,_Sergei_Mikhailovich_Prokudin-Gorskii.jpg|thumb|250px|right|''Utsjoch oer Tbilisy fanôf it plak fan de David-Tsjerke, ca.± 1907-1915.'']]
 
'''Tbilisy''' (Georgysk: თბილისი) is de haadstêd fan [[Geörgje]]. Eartiids stie de stêd bekind ûnder de (Turkske) namme Tyflis.
De stêd beslacht in oerflak fan 350 km2km² en der wenje sa'n 1,4 miljoen minsken.
 
== Skiednis ==
Sûnt de 4de ieu foar Kristus is der minsklike bewenning op de lokaasje fan Tbilisy oan de rivier de [[Koera]] (Georgysk: Mtkvari). Yn de [[5e ieu]] stifte kening Fachtang I Gorgazaly (452-502) Tbilisy. Neffens in leginde skeat de kening in pylk mei syn bôge en waard de stêd stifte op it plak dêr't de pylk delkaam. Tbilisy hat gauris beset west troch útlânske grutmachten lykas de Perzen, de Turken en de Arabieren. Yn [[1122]] feroveret de Geörgyske kening [[David de Bouwer]] nei swiere gefjochten de stêd. Hy ferhuzet syn residinsje fan Kuta'isy nei Tbilisy en makket dêrfan de haadstêd. Fan 1783 ôf wurdt Tbilisy ferskate kearen ferneatige troch de Perzen. Yn [[1801]] anneksearret Ruslân de stêd. Nei de Russyske revolúsje wurdt it de haadstêd fan in ûnôfhinklik Geörgje fan [[1918]] oant en mei [[1921]]. Dan falt it [[Reade Leger]] de stêd binnen en wurdt it de haadstêd fan de [[Transkaukasyske Federaasje]] en letter fan de Sowjet Republyk Geörgje. Yn [[1991]] waard Tbilisy haadstêd fan in ûnôfhinklik Geörgje.
 
== Gebouwen ==