Reaklif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
It '''Reaklif''' by [[Skarl (buorskip)|Skarl]] tusken [[Starum]] en [[Laaksum]] is in oerbliuwsel út de Saale iistiid. De namme hat it te tankjen oan de readêftige liem dy't troch dêr troch de iiskape opinoar skowt is. It Reaklif leit likernôch 20 meter boppe NAP.
 
Tsjintwurdich leit it klif der kultivearre by: de Iselmarkant is belein mei stien en boppekant is egalisearre. Yn eardere tiden, foar it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] riisde it as in echt klif rûch op oan de westkant fan de [[Sudersee]].
 
Oer it ûnstean fan it Reaklif diene earder ferskate mites de rûnte. Neffens guon hie op it plak fan it klif yn de oertiid in fulkaan stien, neffens oaren hie de reade kleur fan it klif te meitsjen mei in fjoerspuiende draak dy't dêr op 21 juny altyd út de grûn kaam. Yn de omkriten fan it klif giet noch altyd it sechje dat tongerbuien boppe it Reaklif yn twaën brekke.
 
Op it Reaklif stiet sûnt [[1945]] in monumint ta oantinken oan de [[Slach by Warns]] dy't yn dy omkriten yn [[1345]] plakfûn hat. Op it klif fynt alle jierren de betinking fan dy slach plak.
 
It reaklif hat yn de rin fan de tiid troch ferskate keunstners ynspirearre. Sa hat de dôve keunstskilder [[Eelke Jelles Eelkema]] it rûge oansjen fan it klif yn [[1820]] ferivige.