Oera Linda Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: en:Oera Linda Book; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Manuscript Thet Oera Linda Bok, pagina 48.jpg|thumb|Side út it manuskript fan it Oera Linda Boek]]
It '''Oera Linda Boek''' is in kronyk fan de iere wrâldskiednis, út Frysk eachpunt, en in famyljekronyk fan in âlde aadlike Fryske famylje mei de fan ''Over de Linden'', of ''Oera Linda''. It manuskript soe in kopy út [[1256]] wêze, dy fia âldere kopyen weromgong op boarnen út likernôch de perioade fan 560 foar Kristus oant it begjin fan de jiertelling. De measte ûndersikers beskôgje it Oera Linda Boek as in [[mystifikaasje]]; der binne lykwols ferskillende ideeën oer de skriuwer fan it hânskrift, en oer it motyf in sabeare kronyk te skriuwen.
 
== Publikaasje ==
It bestean fan it Oera Linda Boek waard likernôch 1870 publyk, doe't [[Eelco Verwijs]], argivaris en bibletekaris by de provinsje Fryslân, oan it [[Frysk Genoatskip]] berjocht die dat er kontakt hân hie mei [[Cornelis over de Linden]], skipsboumaster by de marine yn [[De Helder]]. Dy soe in tige âld hânskrift hawwe dat al ieuen yn de famylje wie, mar dat er nei sizzen net lêze koe.
 
It genoatskip wie skeptysk, mar ien fan de leden, [[Jan Ottema]] , skreau yn [[1871]] dat er, no't er it hânskrift sels sjoen hie, oertsjûge wie fan de echtens. Hy publisearre yn [[1872]] in hast folledige printige fan it manuskript, tegearre mei syn oersetting derfan, ûnder de titel ''Thet Oera Linda Bok - naar een handschrift uit de derde eeuw, eigendom der familie Over de Linden, aan Den Helder'' (''It Oer de Linden boek - nei in hânskrift út de tredde ieu, eigendom fan de famylje Over de Linden, oan De Helder''). Letter, yn [[1941]], kaam der in twadde oersetting út, fan [[Jacques Overwijn]]: ''Thät wra Linda bok''.
 
== Diskusje ==
Mei de publikaasje begûn ek de diskusje oer it hânskrift. Yn it begjin waard it troch in protte minsken
foar echt oannaam. Dit moat sjoen wurde yn it ljocht fan it sterke Fryske nasjonalisme fan dy tiid - it boek neamt de Friezen as ien fan earste trije folken op 'e wrâld, en beskriuwt harren as fan dy trije folken it ferljochtste. Undersyk fan histoarisy joech lykwols al gau oanwiizings dat it boek in 19-de ieusk wurk wie. Sa wie it papier bygelyks net wier út de 13e ieu, mar earder út de 19e ieu, en wie it sabeare Aldfrysk net echt âld, en ek net echt Frysk.
 
== De makkers ==
Mei it tanimmen fan it tal fan arguminten tsjin it âlde komôf, skode de diskusje oer it boek op nei de mûchlike skriuwers fan it boek en harren motyf. Die binne der by de rûs:
* Earst waard Cornelis Over de Linden yn 1876 troch [[Beckering Vinckers]] oanwiisd as de skriuwer.
Rigel 23:
Yn [[1938]] hat Cornelis over de Linden it hânskrift oan de provinsje [[Fryslân]] jûn, ta opnimmen yn de [[Provinsjale Bibleteek]], ûnder betinksten dy't der foar soargje moasten dat it allinnich foar ûndersyk brûkt wurde soe. Hjoed de dei is it hânskrift part fan de kolleksje fan [[Tresoar]].
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.oeralindaboek.nl It Oera Linda Boek by Tresoar].
* [http://www.skepsis.nl/oeralinda.html Wiidfiemjend kommentaaar oer it Oera Linda Boek].
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/36/ It Oera Linda Boek yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
[[kategoryKategory:Fryske mytology]]
 
[[de:Ura-Linda-Chronik]]
[[en:Oera Linda Book]]
[[es:Oera Linda]]
[[lv:Oira Linda]]