Slach by Jemgum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Slag bij Jemmingen; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Slag bij Jemmingen - Schlacht von Jemgum - 21 Juli 1568 (Frans Hogenberg).jpg|thumb|250px|right|''De Slach by Jemmingen'', <br /><small>( Frans Hogenberg )</small>]]
 
De '''Slach by Jemmingen''', no it Dútse [[Jemgum]], barde op [[21 july]] [[1568]] tusken in [[Nederlân]]s leger ûnder [[Loadewyk fan Nassau]] en in [[Spaanse Nederlannen|Spaans]] leger ûnder [[Caspar de Robles]] en [[Fernando Álvarez de Toledo]], hartoch fan [[List fan hartoggen fan Alba|Alva]].
Rigel 9:
Loadewyk fan Nassau stelde syn ynfantery op efter in greppel yn twa brigades fan sa'n 5000 man elk. Dizze bestienen hast hielendal út hierlingen en krekt wurven soldaten. Hjir efter stie de ruterij, syn 16 kanonnen stelde hy op foar de ynfantery. De hartoch fan Alva hie 12.000 man fuotfolk (4 ''[[tercio]]s''), 3000 man ruterij en in ûnbekend oantal kanonnen.
 
Alva stjoerde in foarhoede fan 3 [[heakbus]]ienheden (1500 man) en 300 man [[kavalery]] foarút om de [[protestant]]ske liny te testen. De rest fan syn troepen brûkte er om it skiereilân ôf te slueten. Trije oeren lang die de Spaanske foarhoede hoedene oanfallen op de Nederlânske liny. Dizze andere mei lytse tsjinoanfallen. Doe't ferkenners oan Loadewyk berjochten dat der fierders gjin Spaanske troepen yn de omkriten wienen, joech dizze it befel om op te rukken. Mar stuite lykwols al nei in pear hûndert op fûl arkebussier- en [[musket]]fjoer. Doe't ek noch de Spaanske ruterij op it slachfjild arrivearre, moast Loadewyk opdracht jaan oan syn manlju har werom te lûken. Dat weromlûken draaide út op in flecht nei de fearen oer de [[Iems]] dêr't in protte deaden by foelen. Goed 7000 man waarden deade. Alva ferlear yn de slach minder as 100 man.
 
== Betsjutting ==
Rigel 26:
[[fr:Bataille de Jemmingen]]
[[gl:Batalla de Jemmingen]]
[[nl:Slag bij Jemmingen]]
[[pl:II bitwa pod Jemgum]]