Hantumerútbuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
L [[]]
Rigel 5:
 
== Untstean ==
Yn 'e rin fan de tiid krigen de [[BerbardinenBernardinen|Bernardynske]] kleasters [[Klaarkamp]] by [[Rinsumageast]] en [[Kleaster Sion|Sion]] by [[Nijewier]] dêr lân yn besit. Se krigen sels safolle dat der besletten waard om der in úthôf te stiftsjen. De omjouwing wie der gaadlik foar. It lei iensum en oer de [[Peazens]] koenen de produkten ôffierd wurde. De úthôf is noait útgroeid ta in kleaster. Wol hawwe der splitsings pleatsfûn. Neist it [[Germerthûs]] waard it Nijenhûs boud. It is ek noch in twadde kear splitst Nijenhûs en Germerthûs bestienen doe út twa pleatsen. Germerthûs waard sa opsplitst ta it Germerthûs en it, no al lang ôfbrutsen, Kommerhûs.
 
Letter is de úthôf opheven en waard de grûn ferhierd en foar in part oan de hierder ferkocht. It hierkontrakt fan Germerthûs is bewarre bleaun. Douwe Syurts moast neist de hier fan 33 goudgûnen, it tûne reade bûter (maitiidsbûter) en sied foar in kwart pûnsmiet oan Sion leverje. Boppedat moast er sân weinen turf foar it kleaster út de [[Dokkumer Wâlden]] ophelje.