Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Reaksjes op hast alles, en 2.500 siden.
No edit summary
Rigel 1:
Dizze side is bedoeld foar oerlis, fragen en opmerkings oer it Wikipedy projekt.

Wij hawwe ek:
* In [[Wikipedy:Gasteboek|Gasteboek]], foar ús gasten;
* In [[Wikipedy:Kommentaar|Kommentaarside]], foar algemiene fragen oer de Wikipedy.
* In [[Wikipedy:Mienskip|Mienskipside]], foar meidoggers, en minsken dy't dat wurde wolle.

'''[http://fy.wikipedia.org/w/wiki.phtml?title=Wikipedy:Oerlis_side&action=edit&section=new Klik hjir om in nij mêd ta te foegjen.]'''

{{De kroech}}
== Babel-nammen ==

No't it tal fan berjochten en kategoryen foar Babel sa hurd tanimt moatte wy it al ris oer de nammen hawwe.

At dy nammen allegear begjinne mei ''Meidogger'', dan liket it dat se part binne fan in grutter systeem dêr't wy alles oer de meidogger mei oanjaan. Dat kin, dan meitsje wy ek [[:Berjocht:Meidogger ynterwiki]] - ''Dizze meidogger hat him/har allinnich oanmelde om ynterwiki tafoegjen te kinnen.'' [[:Berjocht:Meidogger behearder]] [[:Berjocht:Meidogger rjochtsetter]](!?) ensfh. Mar it binne al kategoryen en berjochten spesifyk foar Meidogger-siden, dat faaks wie [[:Berjocht:Meidogger:fy]], [[:Berjocht:Meidogger:ynterwiki]], [[:Berjocht:Meidogger:behearder]] ensfh. dan better.

Oarsom soenen wy it beheine kinne ta Babel mei de talen, troch nammen lykas [[:Berjocht:Babelmeidogger fy]] ensfh. te brûken. De kombinaasje dy't wy no hawwe, mei in beheind systeem mar mei in romme oantsjutting as namme is minder; it nimt romte wei foar lettere rommere tapassings fan dy namme. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 21.14, 8 des 2005 (UTC)

:Ik haw der eins net fierder oer neitocht mar sa't men begûn wie oernaam. Ik fûn de nammen ek al wat tige algemien mar ik hie sjoen dat nl: en en: it ek sa dogge en we moatte ek net út prinsipe saken oars dwaan wolle. Mar at ik ris fierder rûnsjoch op de wondere wereld fan de wikipedys, miskien is sa as es: it docht wol in goed foarbyld, ''Usuarios por idioma'' (''Meidoggers nei taal''). (Ik fyn it foar mysels wol lêstich om dizze berjochten op myn meidoggerside te setten, want ik fyn it eins net te dwaan om myn taalkuensten in sifer te jaan.)[[Meidogger:Theun|Theun]] 21.33, 8 des 2005 (UTC)
Wy moatte it net oars dwaan út in prinsipe fan oars dwaan wolle, mar it al goed dwaan út in prinsipe fan goed dwaan wolle; wy hoege net de problemen fan oare Wikipedyen oer te nimmen. Bygelyks, op en: is Template:User al in gebrûk foar wat oars. Op es: hawwe se foar ''wenplak'' en ''lân'' wer net "usarios"; fral ''lân'' koe nochris in probleem wurde. Dan hie ik leaver ''Berjocht/Kategory:Meidogger:Taal fy'', ''Berjocht/Kategory:Meidogger:Lân nl'', ensfh. (Berjocht:Meidogger:Bot - Dizze meidogger hat bot-status.) Faaks net sa floeiend as it Spaansk, mar al dúdlik en spesifyk. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.00, 11 des 2005 (UTC)

:Goed dogge wy it sa. Kin by de Katgoryen wol sa'n subdomein namme brûkt wurde? (ik bedoel mei de ekstra :) [[Meidogger:Theun|Theun]] 13.09, 11 des 2005 (UTC)
::Ik muot noch efkes wat sizze: it berjocht is [[Berjocht:Meidogger fy]], net [[Berjocht:Meidogger:fy]]; it is mar dat nimmen it oanmeitsje giet... [[Meidogger:WanabeFrysk|WanabeFries]] 13.17, 11 des 2005 (UTC)

:::Ik hie it idee dat dit krekt de bedoeling van Aliter is. Om op dy wize in underferdieling te meitsjen fan berjochten en kategoryen dy mei meidoggers te krijen hawwe.[[Meidogger:Theun|Theun]] 13.25, 11 des 2005 (UTC)
Ja, mar it kin net. Foar in kategory al, mar foar in berjocht soe Berjocht:Meidogger:Soksawat itselde wurde as de side Meidogger:Soksawat brûkt as berjocht. Dat it moat dochs oars. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 03.42, 21 des 2005 (UTC)

Kinne wy dit oplosse mei ''Kategory:Meidogger/Taal fy'' en ''Berjocht:Meidogger/Taal fy''? Dat kin dan foar de kategory lêzen wurde as "Meidogger per taal - fy", en it lit ek romte foar "Meidogger/Funksje bot" ensfh. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

==[[:Kategory:Fûgelsoarten]]==
Nodat ik de kategoryen sa besjoch, mei de [[:Kategory:Fûgelfamylje|Fûgelfamylje]] en [[:Kategory:Fûgelskift|Fûgelskift]] kategory, haw ik it idee dat at we konsekwint bliuwe wolle de kategory omneamd wurde moat nei Fûgelsoart.[[Meidogger:Theun|Theun]] 13.29, 11 des 2005 (UTC)
: Wy hawwe no meast "soarte", dat dan soe it ek ''Fûgelsoarte'' wêze. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 03.42, 21 des 2005 (UTC)

== gpvosbot ==
Ik heb de botstatus aangevraagd voor [[Meidogger:Gpvosbot]]. Eventuele opmerkingen en bezwaren kan je melden op [[meta:Requests for bot status#Gpvosbot]]. – [[:nl:Gebruiker:Gpvos|gpvos]] [[:nl:Overleg gebruiker:Gpvos|(oerlis)]] 23.03, 13 des 2005 (UTC)

: (Meidogger Gpvos hat botstatus oanfrege foar syn bot.) Mei iens; ik hie dêr om frege om't Koartlyn feroare wat drok waard. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 03.42, 21 des 2005 (UTC)

:: botbit gegeven. [[Meidogger:Oscar|oscar]] 00.10, jan 13, 2006 (UTC)
: (Meidogger Oscar hat dy botstatus blykber ynsteld.) Ik GPVos frege at er de bot faaks ek ris nei de synonimen sjen litte kin. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

== Wetter yn Fryslân ==
Doe't ik hjir noch mar krekt wat oan't ompielen wie haw ik alris neamt dat it my wol aardich like om kaarten te meitsjen om de lizzing fan de wetters yn Fryslân oan te jaan. Ik bin doe eins wat hekjen bleaun om't ik net rjocht it goeie programma dêrfoar fine koe, en ek net krekt it goeie triemformaat. No seach ik lêsten al dat de wiki no ek it svg-formaat stipet en haw ik de nijste Inkscape fersje mar ris besocht. Ik kin no aardich fluch in kaartsje meitsje dat my wol aardich taliket. Ik moat der noch wol wat oan skave mar soe graach wat kommentaer hawwe wolle. Sjoch mar op myn meidoggerside. [[Meidogger:Theun|Theun]] 21.49, 19 des 2005 (UTC)
: Dat sjocht der kreas út! [[Meidogger:B.|B.]] 21.55, 19 des 2005 (UTC)

Ik siet eins noch mei myn gefoel dat der noch wol wat wetterkes misse op sa'n oersjochside. Mar je moatte wol ergens ophâlde (de súdhoekster sleat ;) stiet der no ek al op). Bygelyks de Grou en de Boarn en ek de Opsterlânske kompagnonsfeart kin der wol by tink ik. Yn it súdwesten fan de provinsje bin ik it minste thús en dêr sit no krekt it measte wetter, miskien dat in wetterleafhawwer út dy omkriten der ris nei sjen kin en wat advys jaan.

Ik woe eins ek sa'n kaart meitsje mei al't wetter dat by de Fryske Boezum heart, mar sit ik eins mei it probleem om út te finen wat dêr by heart en wat net.

Fierder is it miskien dúdliker (foar de oriïntaasje) om mei net al te opfallende kleur de gruttere plakken oan te jaan. Ik tink dan oan de alve stêden, Drachten, it Hearrenfean, de Jouwer, Wolvegea, Easterwâlde.[[Meidogger:Theun|Theun]] 18.20, 20 des 2005 (UTC)

:: Dy kaart komt te pas at wy in oersjoch oer gâns de provinsje hawwe moatte. Is dyselde boarne-svg ek gaadlik foar it meitsjen fan detailkaartsjes, lykas dy fan de gemeenten? Siz mar sa:
:: [[Ofbyld:Prinses Margrietkanaal.png]]. Mei in skaal dy't past by it wetter wat der op stiet. (Faaks hat it wetterskip ynformaasje oer de boezem?) [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 03.42, 21 des 2005 (UTC)

De detailkaartsjes binne goed te meitsjen, neffens my. Eins woe ik in kaart sjen te meitsjen mei alle wetters dy't op dy nammelist mei Fryske wetters steane. Dan kin dêr detailkaartsjes fan makke wurde.

:Fan it PM-kanaal soe ik leaver de kaart hâlde dy't ik makke haw. It detailkaartsje is mar justjes lytser en dan jou't it neffens my in wat rommelige oansjen.

By it wetterskip hawwe se wol in [http://www.wetterskipfryslan.nl/infotype/webpage/view.asp?objectID=2710 Lijst van friese wateren] ;) .

Mar ik sil de kommende tiid hjir noch wol wat tiid ynstekke (ik bin eins wol wat in kaartegek dus ik fyn it wol aardich om hjir oan te wurkjen).[[Meidogger:Theun|Theun]] 21.33, 21 des 2005 (UTC)

:: Ik hie fansels dit kaartsje allinnich as foarbyld. Der hie in dúdliker foarbyld mûchlik west, mar oare kaartsjes hie ik net. Alle kaartsjes itselde is al better, tink, dat as de oare wetters sa'n kaartsje krije, dan om my it PM-kanaal ek.
:: Dat it net botte dúdlik is leit der oan dat ik de svg-triem net brûke koe. Ik bin begûn mei in .png en haw dy letter lytser makke foar it oersjochkaartsje. (Dat hie net moatten, dêr hie ik in lytsere .png foar fan de wikipedy helje moatten.) As gefolch dêrfan is it oersjoch-kaartsje net dúdlik genôch. En lykas by de gemeentekaartsjes koe it oersjochpart mear ferskil yn kleur hawwe. By in fierdere útwurking wurdt dit ek foar it PM-kanaal dúdlik genôch, tink. Wat dy grutte kaart oanbelanget: de makker fan de gemeentekaartsjes skriuwt earne op nl: dat er twa kaarten makke hie. Ien om de kaartsjes út te heljen, en ien foar de oersjochkaartsjes. Dy kinne al besibbe wêze fansels, mar net alles hoecht op sa'n oersjoch, tink. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 21.57, 24 des 2005 (UTC)

::Ik haw hjir nochris mei dwaande west. It nij kaartsje fan Theun is in hiel ein yn de rjochting. Mar ik woe graach noch mear kontrast hawwe. Ik haw besocht wat der bart at de kleuren fan de gemeentekaartsjes brûkt wurde. It risseltaat koe minder dúdlik, mar it is wat te plakjich.

::* [[Ofbyld:RakFanUngemak.svg|300px]] (No in lettere ferzje.)
::* [[Ofbyld:LokaasjeLjouwert.png]]
::* [[Ofbyld:RakFanUngemak.png]]
::Kinne wy hjir fierders wat mei. De kleuren dy't ik boppe hie, of mei donkerblau yn stee fan swart, koenen om my ek wol, at wy dan foar it lytse kaartsje al in opfolkleur brûke. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 23.03, 1 jan 2006 (UTC)

It *.svg formaat jout neffens my aardich wat foardielen mei dit soarte fan kaartjes. At jo it as mei in vector grafics programma (lykas Inkscape) dan kinne jo sjen dat it oersjoch kaartsje in los underdiel is wat te ferplakken is en ek grutter en lytser makke wurde kin.

In ferskil mei de gemeentekaartsjes is dat de skaal feroaret. In grut wetter kin in folle gruttere lengte hawwe as in lyts marke of in koarte ferbiningsfeart, dan moat de skaal folle lytser en is it skaalferskil tusken it oersjoch kaartsje en it detailkaartsje eltse kear wer oars. Mei it *.svg formaat en Inkscape is dat maklik oan te passen.

Ik fyn de gemeentekaartsjes wol dúdlik mar de skaalproblemen kinne je wol sjen mei lannenkaartjses yn deselde styl fan lytse eilantsjes, dy fyn ik hiel undúdlik. Bygelyks it kaartsje fan [http://nl.wikipedia.org/wiki/Afbeelding:PitcairnLocatie.png Pitcairn], dêr sjogge jo natuerlik hielendal neat op.
:*It lytse oersjochkaartsje kin yndie wol wat minder detaillearre wêze (de koartste klap wie foar my om efkes in kopy te meitsjen en dy lytser te meitsjen en deryn te plakken.
:*De kleuren, yn prinsipe moat tink ik alles wat je oanjoue op it kaartsje donkerder wêze as de eftergroun. Ik kin it griis wol wat ljochter meitsje en ek it blau fan it net selektearre wetter wat ljochter sadat it kontrast wat grutter wurd. Ik fyn dy wite wetters tjsin in ljochtgrize eftergroun net moai. (Myn ynspyraasje foar de kleuren haw ik krigen troch it [http://de.wikipedia.org/wiki/Bild:Flusssystem_Ammer_Amper.png kaartsje] fan brûker Sansculotte.)
:*Ik bliuw derby dat bygelyks foar it PM-kanaal it net nedich is om it oersjoch kaartsje derby te setten. It is fuortendalik dúdlik wer't it PM-Kanaal rint en it makket in grut part fan it kaartsje út. Bygelyks it kaartsje fan it RakFanUngemak is dit wetter in folle lytser part fan it kaartsje as it PM-kanaal fan it totale kaartsje. It oersjoch kaartsje hat allinich sin at der in dúdlik ferskil is yn skaal (yn elts gefal mear as in faktor 2).
:*Ik haw der ek noch oan tocht om nammen fan de wetters en plakken ta te heakjen, sadat it ek mear in kaart wurd as in oersjochkaartsje mar ik wit net of dat wol in goed plan is.
:Sa earst mar wer, ik sil ynkoarten noch wolris in foarbyld meitsje.[[Meidogger:Theun|Theun]] 21.34, 2 jan 2006 (UTC)

:Nij foarbyld. De kleuren yn it lytse oersjoch kaartsje moatte dan ek wat oars. Is wol wer wat wurk om it oan te passen. Ik haw de diskusje wol wat betiisd troch it nije foarbyld under deselde namme oan te biden. Wetters wat ljochter, eftergrûnkleur ljochter, selektearre wetter wat donkerder. [[Meidogger:Theun|Theun]] 19.50, 4 jan 2006 (UTC)

:: Earst: it is net sa dat ik besykje in oare triemfoarm yn te fieren. Fectortekenings hawwe in protte foar, alinnich kin ik dy net meitsje, dat by myn foarbylden brûk ik .png. Ek gong it my fan de gemeentekaartsjes net om dy fêste ferhâlding dy't dy hawwe, mar om it systeem fan twa skalen en it goede kontrast.

Ik bin it mei jo iens dat ljocht foar de oare wetters better wurket as ljocht foar it wetter sels, en de tafoeging fan de stêden en flekken (alle [[flekke]]n?) wurket ek. [[It Gryn]] derby wie tink noch wol aardich.

Dat foarbyld fan Sansculotte hat lykwols ek wyt, dat ik besykje it nochris yn dy rjochting. It lytse kaartsje koe noch wat ljochter, mar sa is it wichtichste part fan it lân it ljochtst, en de útsneed yn it lytse kaartsje hat deselde kleuren as datselde gebiet as it grutte kaartsje:
::* [[Ofbyld:RakFanUngemak2.png]]

:: Ik wit wol dat foar it PM-kanaal dy twa skalen net nedich binne, mar ik woe dy der leafst al by hawwe om dat kaartsje itselde oansjen te jaan as de oaren. Oars soenen jo foar it oersjoch ek in lytsere skaal nimme kinne, wat Grinslân yn byld bringt. Dan wurdt ek dúdliker dat it PM-kanaal net in ferbining is fan Strobos nei de Lemmer, mar in part fan in trochgeande rûte. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

== Auteursrjochttekst ==
[[Meidogger:Brion VIBBER]] hat alle wikipedyen oanpast dat dy de auteursrjochttekst tusken it bewurkingsfjild en it gearfettingsfjild sjen litte. Dy romte brûke wy foar de knoppen, en ús auteursrjochttekst is lang, dat dit wie by ús net goed. Foar no haw ik it weromset, dat wy it der sûnder problemen oer hawwe kinne.

Hawwe wy op dat plak ferlet fan in koarte tekst oer it auteursrjocht, of hawwe wy leaver dy knoppen dêr? Of beide? Of de knoppen dan leaver oan de boppenkant (at ik dat dwaan kin)? Of in rigel "Gearfetting (tink om it [[Wikipedy:Auteursrjoch|auteursrjocht]]):". Of noch oars? Of net? [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 21.57, 24 des 2005 (UTC)

Ik haw de âlde situaasje mar werombrocht. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

== Kategoryen ==
* Dêr't wy earst útgongen fan meartalnammen foar kategoryen liket it no dat wy útkomme by ientalnammen, krekt as by sidetitels. At eltsenien it dêr mei iens is betsjut dat dat de meartalsnammen eins oanpast wurde moatte. Ik leau net dat dat in soad problemen opsmyt, allinnich kin ''Kategory:Sporten'' gjin ''Kategory:Sport'' wurde, om't dy der al is. Faaks ''Tûke fan sport''?
* Wolle wy, lykas op mear Wikipedys, alle kategoryen ek wer yn kategoryen opnimme? Alle kategoryen hawwe dan in boppekategory oant wy oan de top by de kategory ''Haadkategory'' of soks oankomme, dêr't de kategoryen ynsitte dy't fierders nearne in ûnderkategory fan binne.
[[Meidogger:Aliter|Aliter]] 23.03, 1 jan 2006 (UTC)

:* Werom soe Sport net kinne. It is no ek al sa dat de Reedriden sawol yn de kategory Sporten stiet as by de Kategory Reedriden wat in subkategory is fan Sport. Om my soene alle sporten wol yn de kategory Sport kinne, at der letter mear siden komme kinne se dan in eigen subkategory krije wer't de side oer de sport ek by stiet (lykas Reedriden en Keatsen).
:* Ik tink dat it úteinlike doel al wêze sil om alle siden yn in kategory under te bringen. It liket my net in needsaak om no alle siden yn in kategory under te bringen, want no in protte kategoryen mei mar ien of twa siden wurdt it net dúdliker fan.

:*Fûgelsoarten (soarte). B. hie ek noch wat betinkingen oer dizze yndieling. Ik tink ek wol dat de kategory Fûgelsoarte(n). ynkoarten opsplitst wurde moat. It tal siden yn dizze kategory wurd aardich grut mar om no inselde yndieling as bygelyks op nl oer te nimmen krije we wer in protte kategoryen mei mar in pear siden. Dochs tink ik dat in yndieling yn skift / skaai / famylje ek wol neist in groepeftige yndieling lykas Spjochteftigen (mei alle famyljes,skaaien en soarten) brûkt wurde kin. Mar it tink dat dit yn de rin fan de tiid fansels wol dúdliker wurd wat gaadlik is. [[Meidogger:Theun|Theun]] 21.34, 2 jan 2006 (UTC)

Reedriden is in tûke fan sport, dat ik soe it in ûnderkategory yn ''sporten'' / ''tûke fan sport'' meitsje. Dat ik de tûken fan sport net daalks in sport opnimme soe is út reden fan oardering.

Wat ik frege, wie of alle ''kategoryen'' in kategory hawwe moasten. Of alle siden dy ek daalks hawwe moatte wit ik net. At alle kategoryen oardere binne is it fansels al sa dat alle siden dy't yn in te lytse kategory komme soenen, fierder nei de woartel falle kinne oant der in kategory komt dy't grut genôch is. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.36, 5 jan 2006 (UTC)

Oangeande:
*meartal/inkelfâld: Inkelfâld, behalve as der in reden is om dêr fan ôf te wiken (sporten yn de betsjutting fan "tûke fan sport" is neffens my wol funksjoneel)
*alle kategoryen yn in haadkategory: Op termyn wol, no noch gjin needsaak
*ik haw gjin beswier tsjin dûbelde kategory yndielingen, it giet der om dat besikers de side fine dêr't se om sykje. Sa praktysk mooglik dus, wat my oan giet. [[Meidogger:B.|B.]] 09.04, 5 jan 2006 (UTC)

== Trochferwizings ==
Dit wie ien fan de âldste problemen dy't ik hie op dizze wiki, mar ik koe mar net gewaarwurde wat der no krekt mis mei wie. No haw ik lykwols, lang om let, útfûn wêr't it him yn sit:

Ik hie by it oersetten foar "redirect" "trochferwizing" brûkt, en foar "disambiguation page" hie ik "útelkoarhâldside". Dat "trochferwizing", en ek dat "redirect", wie net yn oarder mar ik koe it net fine. Letter begûnen oare meidoggers "trochferwizing" ek noch foar "disambiguation page" te brûken, wat om my ek net hoecht. No't ik in side oer trochferwizings (1) skreau seach ik lykwols ynienen wat der mis is mei dat wurd: trochferwizing/redirect is it meganyk. Wichtich foar de programmeurs fan MediaWiki fansels, mar wat wy dwaan wolle is gewoan synonimen oanmeitsje, hoe't dat ek wurket. Kinne wy dêr dan net gewoan it wurdt ''Synonym'' foar brûke? [[Meidogger:Aliter|Aliter]]
:Prima [[Meidogger:B.|B.]] 09.04, 5 jan 2006 (UTC)

Wat trochferwizing (2) oanbelanget: ik haw ''trochferwizing'' der leafst hielendal út, it jout betizing en it seit eins net wêr't dy side foar brûkt wurdt. Njonken de synonimen binne dit fansels de homonimen, mar dat wurd wurdt oars wat minder brûkt. Is it dúdlik genôch om dat ek te brûken of moatte wy dêr al in oar wurd foar hawwe? [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 02.09, 5 jan 2006 (UTC)
:Praktysk wurdt der al trochferwiisd, mar eat as ''dûbele betsjutting'' soe om my ek wol kinne. [[Meidogger:B.|B.]] 09.04, 5 jan 2006 (UTC)

Ik wit dat der al trochwiisd wurdt, mar dat is net it belang fan dy side. It is op it stuit sels sa dat op in part fan dy siden eins noch net trochwiisd wurdt, om't de siden foar dy homonimen der nog net binne.

"Betsjuttings": soenen wy "Betsjuttingsside" brûke kinne? D hawwe wy ek alris by [[Fryslân]] brûkt. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

[[Ofbyld:Wikipedy300000.png|thumb|300px]]

== Fy grutter dan nl ==
Ik wie wat oan it googeljen en kaam op in wikipedia kloon út dy't ek de fryske wikipedy kopiearre
hat. Mar se hawwe folle mear siden, sels mear as nl !!!! Wer binne dy siden hjir allegear bleaun ;).

: Dêr haw ik in teory oer. Lykas sokken dy't net brûkt wurde, wurde siden dy't net lêzen wurde, neffens my, ek wei nei ferrin fan tiid. De Nederlânske wikipedy hat mear lêzers, dat dy kinne mear siden hâlde.
: Mar fansels binne wy ek sûnder al dy weirekke siden grutter as nl:. Wy binne wol fan 19 nei 23 gongen, op
[[:en:Wikipedia:Wikipedia articles per population]], mar dat is dochs noch better as nl: op 25. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

== Captcha ==
Omdat waarschijnlijk jullie niet ingeschreven zijn op [http://wikizine.org Wikizine] kom ik het even melden als goede gebuur van NL; op o.a. deze wiki is nu het captcha-systeem actief. Zie [http://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Special:Userlogin&type=signup hier] dan is het direct duidelijk. Groet, --[[Meidogger:Walter|Walter]] 23.20, jan 29, 2006 (UTC)

(Om't jimme wierskynlyk net ynskreaun binne op Wikizine [mis], kom ik dit hjir as buorman fan NL efkes sizze: op û.o. dizze wiki is no it captcha-systeem actyf. Sjoch [http://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Special:Userlogin&type=signup hjir] dan wurdt it drekt dúdlik. Groetenis, Walter)
: Ik sjoch daalks wat der oerset wurde kin. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

== Meiwurkjen skoallen ==
Soenen skoalklassen op ien of oare wize oan de wikipedy meiwurkje kinne?
Graach jimme suggestjes. [[Meidogger:Yn 'e Wâlden|Yn 'e Wâlden]] 19.42, jan 30, 2006 (UTC)

: Hinget der fan ôf wat sy witte. Ast fan klassen fan basisskoallen bygelyks stikken oer har eigen doarp fregest, krigest heechstwierskynlik sawol deeglike ynformaasje (fan de âlden en leraren) as yndrukken en leuke weetsjes oer in doarp (hoe wurdt it doarp belibbe). Soks makket in droech stikje tekst oer in doarp al hiel wat lêsberder. En at sy in projekt dogge, sil sy fêst oer gewoan samar in ûnderwerp hiel wat fine kinne. Komst by middelbiere klassen, dan meist oannimme dat sy snoad genôch bin om fatsoenlik gegevens earne oer te finen. By beide komt allinne wol it staveringsaspekt nei foaren: dy sil noch net optimaal wêze. De master of juffer it efkes neisjen litte? [[Meidogger:DDurk|DDurk]] 21.35, jan 30, 2006 (UTC)

:: Iens. Foar de basiskoalle kin dit foar dy saken dêr't de bêrn bekend mei binne: wenplak, skoalle, sportferiening, mar ek gewoan de lytse dingen om harren hinne - Wat is in fyts? Wat is in strjitte, in hûs ... Mar dan al mei wat help fan juffer as master. At de bêrn in skoalle fierder binne en sels kentnis opdogge, dan koenen hja dy ek tafoegje, mar ik wit net at hja dêr dan nocht oan hawwe. Wat al koe wie in opdracht om in (koarte) side te skriuwen. Dy siden wurde fansels wer troch oaren oanpast, mar troch it fêste adres kinne hja sjen litte wat harren ferzje is. Kaam dit út it fjild? [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)

== 2500 ==
It giet minder stadich mei it oanmeitsjen fan nije siden. De helte fan de romte dy't wy naam hienen tusken 2.000 en 2.500 is no al fuort. At wy oandacht hawwe wolle foar 2.500 siden, dan hawwe wy ferlet fan:
* In oanpast [[Wikipedy:Parseberjocht]] en in bywurke (útwreide?) stjoerlist.
* In parsekontakt! Wa kin it goed sizze? It goed skriuwen kinne wy faaks tegearre.
* Ynformaasje fan nl: wat wy better al as net dwaan kinne.
* Noch 232 siden.
* Mûglike ynisjativen, lykas:
** 419 x Fryslân
** Adoptear in side

[[Meidogger:Aliter|Aliter]] 01.16, feb 6, 2006 (UTC)