Kachelotplaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: stq:Kachelotplate; tekstwiziging
Rigel 20:
De '''Kachelotplaat'' (''Dútsk: Kachelotplate'') is in ûnbewenne [[waadeilân]]. It eilân beslacht in gebiet fan likernôch 260 hektare, it hat in lingte fan 2,5 kilometer en in breedte fan 1,3 kilometer. De Kachelotplaat leit sa’n 2,5 meter boppe de seespegel. It [[Eastfryske eilannen|East-Fryske eilân]] leit yn tusken [[Boarkum]], oarekant fan de [[Easteriems]], en [[Júst]], oarekant de [[Heaksgat]]. It leit inkele kilometers westlik fan [[Memmert]], mei dêrtusken it [[Heaksgat-farwetter]]. De namme fan it eilân komt fan it Frânske wurd ‘cachelot’, dat potfisk betsjut.
 
== Erkenning as eilân ==
De Kachelotplate hat oant in pear jier werom in [[sânplaat]] west. Mar trochdat de dunen grutter en heger waarden en der gers begûn te groeien op it eastlike part fan it eilân foldie de sânplaat oan de easken dy’t oan in eilân steld binne. Bygelyks in oerflak fan mear as 160 hektare en dat it eilân by gemiddeld heech wetter net mear oerstreamt. Sadwaande makke de Niedersächsischer Landesbetrieb für Wasserwirtschaft und Küstenschuts (NLWKN) op [[28 july]] [[2003]] bekend dat de Kachelotplaat sa grut wurden wie dat it offisjeel as eilân yn de boeken kaam. Hjirtroch is de Kachelotplaat it jongste waadeilân.
 
Rigel 27:
[[Ofbyld:Juist2.jpg|thumb|right|400px|In satellytfoto fan de Kachelotplate. It eilân is it meast linkse (westlike) eilân op de foto. Fierder binne Júst, yn it noarden en Memmert dat súdlik fan Júst leit ek te sjen.]]
 
== Natuer ==
Lytse eilannen en sânplaten yn de Waadsee spylje in wichtige rol as nêstgebiet foar [[fûgel|fûgels]]s en rêstplak foar [[seehûn|seehûnen]]en. Dêrom is it eilân ta in Nasjonaal Park útroppen. Om it eilân mei net ûnnedich mei boaten fard wurde en ek fleantugen meie net al te leech oer fleane. Yn [[2006]] binne in tal [[Swarte seehûn|Swarte seehûnen]]en ûntdutsen op it eilân. Der wurdt oannaam dat der op it eastlike part fan it eilân in koloanje Swarte seehûnen fêstige is.
 
== Sjoch ek ==
* [[Waadeilannen]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.nlwkn.niedersachsen.de/master/C15815014_N5461564_L20_D0_I5231158.html Artikel op de side van de NLWKN oer it groeien fan de Kachelotplaat nei Memmert ta] {{noat|Dútsk}}
 
Rigel 48:
[[nn:Kachelotplate]]
[[ro:Kachelotplate]]
[[stq:Kachelotplate]]