Súdpoal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L robot Erbij: th
No edit summary
Rigel 1:
De '''Súdpoal''' is it punt fan de ierde dêr't de [[ierdas]] it ierdoerflak snijt, en dêr't ierde nei rjochts draait. Analooch kin de term ek foar oare planeten brûkt wurde.
 
== Lokaasje ==
De súdpoal leit yn it wrâlddiel [[Antarktika]]. Trochdat Antarktika heger leit as alle oare [[wrâlddiel]]en leit de poal heech boppe seenivo. Hy leit djip ûnder it iviche iis, mar de rûzing is dat de poal op 2800 m leit.
 
== Rotaasje ==
De ierde draait om syn as, de ierdas. De twa punten dêr't de ierdas troch it ierdoerflak snijt binne de [[poal]]en, de súdpoal en de [[noardpoal]]. Immen dy't op de súdpoal stiet draait lykas de ierde om syn as, en hy draait dêrby nei rjochts.
 
== Geografy ==
De ierdas leit net wier fêst, mar skommelt yn in syklus fan likernôch 435 dagen, wat de [[Chandler-skommeling]] neamd wurdt. Hjirtroch makket de súdpoal in sirkel fan in pear meter, djip ûnder it poaliis. Om it brûkber koördinatestelsel is der in fêst punt oanwiisd as [[geografyske súdpoal]].
 
== Magnetysk fjild ==
De rotaasje fan de izerkearn fan de ierde ropt in [[magnetysk fjild]] op mei in [[magnetyske súdpoal]]. Troch de asymmetry fan die kearn leit dy magnetyske súdpoal lykwols op in oar plak as de geografyske súdpoal. Op de súdpoal, en yn gâns it [[súdpoalgebiet]], is somtiden it [[súderljocht]] sichtber, dat ek yn it magnetyske fjild in oarsprong hat.
 
== Dei en nacht ==
Op de súdpoal is gjin ferrin fan dei en nacht. De sinne is yn alle rjochtingen like fier fuort. Troch de stân fan de [[ierdas]] is der de iene helte fan it jier it ljocht fan de [[poaldei]] en de oare helte fan it jier it tsjuster fan de [[poalnacht]].
 
== Untdekkers ==
===Untagonklikens===
De súddpoal leit op it iis fan Antarktika, fier fan de Súdpoalsee. Yn it poalgebiet is it kâld, en snie en iis meitsje it poalgebiet ûntagonklik. It punt dat it fierst yn it binnenlân fan Antarktika leit is de [[súdpoal fan ûntagonklikens]], mar ek de súdpoal is fier fan alle kusten. Al dizze omstannigheden tegearre makken ekspedysjes nei de poal oan it begjin fan de 20e ieu in hast ûnmooglike opjefte. Lykwols wienen twa minsken tagelyk dwaande mei in ekspedysje om as earste de súdpoal te berikken.
 
===Untdekken===
De ekspedysje fan [[Robert Scott]] sette op [[1 juny]] [[1910]] ôf fan [[Londen]]. Twa moannen letter, op [[8 augustus]] sétte de ekspedysje fan Amundsen ôf fan [[Oslo|Kristiania]]. Lykwols wie Amundsen, mei syn ûnderfining fan libjen yn de poalkjeld, dy't op [[14 desimber]] [[1911]] mei fjouwer man as earste minske op de súdpoal oankaam.
 
Om problemen foar te kommen sa't dy der wienen foar de noardpoal, mei de diskusje tusken [[Frederick Cook]] en [[Robert Peary]] oer wa't earst op de poal west hie, die Amundsen presyze mjittings foar it plak fan de poal. Ek sette er op in pear kilometer ôfstân om de poal trije beakens op, sa't immen dy't net krekt deselde risseltaten krige by syn mjittings, dochs fernimme soe dat Amundsen en syn minsken hjir west hienen.
 
De ekspedysje fan Scott kaam oan op [[17 jannewaris]] [[1912]], allinnich om út te finen dat se net de earsten wienen. Op de weromreis fan Scott nei de kust kaam de ekspedysje yn tige min waar. De ekspedysje koe harren folgende fiedselpost net mear berikke, en Scott en syn fjouwer selskipslju ferstoaren úteinlik alle fiif op Antarktika.
 
It Amerikaanske súdpoalstasjon hjit nei dizze twa grutte mannen it ''Amundsen-Scott súdpoalstasjon''.
 
[[ast:Polu Sur]]
[[ca:Pol Sud]]
[[cs:Jižní pól]]
[[cy:Pegwn y de]]
[[da:Sydpolen]]
[[de:Pole der südlichen Hemisphäre]]
[[en:South Pole]]
[[eo:Suda Poluso]]
[[es:Polo Sur]]
[[eu:Hego Polo]]
[[fi:Etelänapa]]
[[fr:Pôle Sud]]
[[gl:Polo Sur]]
[[he:הקוטב הדרומי]]
[[id:Kutub Selatan]]
[[ja:南極点]]
[[kn:ದಕ್ಷಿಣ ಧ್ರುವ]]
[[ko:남극점]]
[[la:Polus australis]]
[[mk:Јужен пол]]
[[nl:Zuidpool]]
[[no:Sydpolen]]
[[pl:Biegun południowy]]
[[pt:Pólo Sul]]
[[ru:Южный полюс]]
[[simple:South Pole]]
[[sl:Južni tečaj]]
[[sr:Јужни пол]]
[[sv:Sydpolen]]
[[th:ขั้วโลกใต้]]
[[tr:Güney kutbu]]
[[vi:Nam Cực]]
[[zh:南极]]