Ferskil tusken ferzjes fan "De Westereen"

L
plaatsje
L (plaatsje)
postkoade = 9271 |
webstee = [http://www.112zwaagwesteinde.nl www.112zwaagwesteinde.nl] |
}}
}}
[[Ofbyld:De Westerein, Swemmer.JPG|thumb|300px|Nije Feart, De Westereen]]
'''De Westerein''', '''De Westereen''' (''1-1-2009 offisjeel Frysk, Nederlânsk: Zwaagwesteinde''), is ien fan de tsien [[doarp]]en fan de gemeente [[Dantumadiel]], yn it súdeasten fan de gemeente. It doarp hat 5.175 ynwenners (1 jannewaris 2008).
 
De namme fan it doarp betsjut ''de westlike ein'', fan [[Kollumersweach]]. It doarp is ûntstien as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dit dykdoarp, de dyk fan [[Feanwâlden]] nei [[Kollum]] bylâns, wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de [[20e ieu]] hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by [[Feankleaster]] ûntwikkele, wylst de Westerein him los dêrfan westliker by de [[Nije Feart]] ûntwikkele, en útwreide nei it suden nei it [[spoar fan Ljouwert nei Grins]].
 
Ein 1700 fêstige him hjir de joad [[Salomon Levy]] út it Dútske [[Hessen]].
 
Op 18 desimber 2007 hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan De Westerein, troch it staverjen fan de offisjele doarpsnamme yn de GBA as "De Westereen", foar de takomst fêst te lizzen. De [[Fryske Akademy]] sil de namme sa ek yn de wurdboeken opnimme, mei de fermelding dat de net-Westereender Friezen de namme ornaris as 'De Westerein' útsprekke.