Jacob Klaver: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Theun (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "B."
Rigel 1:
'''Jacob Klaver''' ([[Winsum]], [[13 juny]] [[1855]] - [[Hurdergaryp]], [[1945]]) wie in [[keatsen|keatser]] dy't yn [[1876]] de [[PC]] wûn. Klaver is ek de nammejouwer fan de [[Keatsferiening Jacob Klaver|keatsferiening]] yn syn lettere wenplak [[Mantgum]]. Behalve syn PC-oerwinning helle Jacob Klaver op it heechste nivo net in soad suksessen. Syn puntetotaal stoppe al by 10.
 
Jacob Klaver waard berne yn [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]] dêr't er it keatsen learde fan de trijefâldige PC winner [[Frans Felkers]]. Hy soe ek noch tegearre mei him op de PC keatse.
 
Klaver folge in oplieding ta timmerman, mar krige in oanstelling as postrinner en letter postkantoarhâlder yn Mantgum, dêr't er him ek ta wenjen sette. Yn [[1903]] stie hy yn Mantgum oan de widze fan de keatsferiening. Hy wie net allinne nammejouwer mar ek de earste foarsitter fan de feriening.
 
[[Kategory:Keatser|Klaver, Jacob]]