Adam Ruurds de Boer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "B."
Rigel 1:
'''Adam Hurdrider''' ([[1721]], [[Akkrum]] - [[1800]], [[Dearsum]]) wie in fermaard hurdrider.
 
== Libben ==
Adam Hurdrider wie de bynamme fan ''Adam Ruurds de Boer''. Adam is yn 1721 berne yn Akkrum, as soan fan Ruurd Arriens en Dirckie Adams Slotje. Op [[18 april]] [[1749]] is er yn [[Aldeboarn]] boaske mei Jeltje Everts Ecoma, en [[22 septimber]] [[1749]] krige it pear in famke, Durkjen. Nei't de heit fan Jeltje, Evert Jelles Ecoma, yn [[1750]] ferstoar kaam it gesin op [[Ecoma-state]] yn Aldeboarn te wenjen. De twa krigen noch in twadde bêrn, mar yn [[1754]] ferstoar Jeltsje.
 
Op [[29 juny]] [[1755]] boaske Adam mei [[Jeltje Hotzes]], en doe't de famylje Ecoma him yn [[1757]] de hier opsei ferfarde de húshâlding nei in pleats by [[Dearsum]]. Adam en Jeltje krigen tegearre yn elts gefal noch tsien bern, mooglik mear. Adam Hurdrider hat syn fierdere libben op dy pleats wenne, oant er yn 1800 ferstoar.
 
== Prestaasjes ==
Adam Hurdrider wie sa fermaard as hurdrider dat er de haadfiguer yn ferskate ferhalen wurden is. Under oaren binne der ferhalen oer syn reedriidtochten, dêr't er sa hurd by gong dat net ien by oanheakje koe, en oer it hurdriden op de [[koartebaan]]. Der is net in soad bekend oer wedstryden út die tiid, mar de ferneamde wedstriid yn [[Grins (stêd)|Grins]], dêr't er Fryslâns eare ophold tsjin in Grinzer pottebakkersfeint, koe yn [[1748]] west hawwe.
 
Fierders binne der ferhalen oer de sprongen dy't er op it iis meitsje koe. It ferneamste fan dy ferhalen is grif dat er ris by [[Aldskou]] oer it soal, it wjekke dat it [[fear]] iepen hold, hinne sprong, wat 22 [[foet]] west hawwe moat. It hat dat ferhaal west dêr't it [[sprekwurd]] ''Dat is gjin bean wurdich, sei Adam, en hy sprong oer it soal.'' út fuortkaam is. Of Adam hurdrider wier 22 foet springe koe is net wis, mar yn [[1745]], doe't Adam noch yn Akkrum wenne, skreau in [[Vegilin van Claerbergen]] yn syn deiboek dat er in boer by de [[Leppedyk]] by Akkrum sjoen hie dy't op it iis 10, 12 en mear foet fier springe koe.
 
[[Kategory:Reedrider|Hurdrider, Adam]]