Fryske flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "B."
Rigel 1:
{| align=right
|[[Ofbyld:Frisian flag.jpeg|Fryske Flagge]]
|}
De '''Fryske flagge''' is: "Yn blau trije rjochtsskeane banen, mei dêrop sân reade pompeblêden, oardere twa, trije, twa." Dat tal fan sân banen en sân pompeblêden is in ferwizing nei de [[Sân Seelannen]]. De foarm fan de pompeblêden is presiis fêstlein; it meie gjin herten wêze.
 
== Oarsprong ==
De flagge is nei alle gedachten yn dizze ferzje makke troch de Famylje De Zee te [[Jirnsum]], om [[1895]] hinne, en sa'n twa jier letter yn de hannel brocht. De flag wie nei sizzen makke nei in âlde print fan it Fryske wapen, dy't spitigernôch yn 1923 troch brân ferlern gien is. Sûnt lykernôch 1880 wienen yn inkelte gefallen al eardere flaggen mei sa'n selde motyf brûkt. Dat motyf is oernaam fan de wapens fan de [[Fryske keningen]] sa't dy yn de [[15e ieu]] en letter yn de wapenboeken stiene. It tal banen en pompeblêden wie op de ôfbylden al oars.
Der wienen gauris acht banen, en it tal pompeblêden wie meast alve, al is elts getal van sân oant alve wolris tekene.
In opfallend ferskil mei de hjoeddeiske flagge is dat de lytse baan boppenoan yn de punt yn de ôfbylden altyd wyt is, dêr't dy by de flagge blau is.
Men nimt oan dat nei dizze wapenboeken, oan it begjin fan de [[19e ieu]] in wapen mei it no bekinde patroan tekene waard, en oan it ein fan de ieu de Fryske flagge mei datselde patroan.
 
Mar noch âlder dan de wapenboeken is it Noardske [[Gûdrûnliet]], út likernôch de âlfde ieu. Dat ferhellet fan foarfallen út de njoggende ieu, en dêrby wurdt de flagge fan Hear [[Herwik fan Seelannen]] beskreaun, dy't yn wolkeblaue flag mei seeblêden hat.
 
== Goedkarring ==
Op [[14 oktober]] [[1897]] waard de flagge troch [[Deputearre Steaten fan Fryslân|Deputearre Steaten]] erkent, yn de ferzje dy't tekene wie troch [[Heerke Wenning]], foar de kroaningsfeesten fan [[keninginne Wilhelmina]]. Mar it duorre oant [[1927]] ear't de provinsje de flagge sels ek brûke soe op it [[provinsjehûs]]. Earst yn [[1957]] is de flagge troch [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Provinsjale Steaten]] goedkard. De flagge waard derby net omskreaun as flagge fan de provinsje, lykas dat by oare provinsjes bard is, mar as: Fryske flagge.
 
== Sjoch ek ==
* [[Magnusfane]]