Wim Duisenberg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "RobotQuistnix"
Rigel 1:
[[Ofbyld:WimDuisenberg.jpg|thumb|150px|Wim Duisenberg]]
'''Wim Duisenberg''' ([[9 july]] [[1935]] - [[31 july]] [[2005]]) folút ''Willem Frederik Duisenberg'', ekonoom en bankier, is berne op [[it Hearrenfean]] op 9 july 1935. Wim Duisenberg wie de earste presidint fan de [[Europeeske Sintrale Bank]] en ien fan de driuwende krêften efter de ynfiering fan de Euro.
 
Hy brocht syn jonge jierren troch yn [[Akkrum]] dêr't syn âlders in bakkerij hienen. Hy folge de [[H.B.S.]] op it Hearrenfean en gie op syn 19e nei [[Ryksuniversiteit Grins]] dêr't er ekonomy studearre.
 
Duisenberg wie fan [[1970]] oant [[1973]] professor yn de makro-ekonomy oan de [[Universiteit fan Amsterdam]], en fan 1973 oant [[1977]] [[minister]] fan [[Ministearje fan finânsjes|finânsjes]] yn it [[Kabinet-Den Uyl]]. Yn 1977-1978 siet hy út namme fan de [[PvdA]] yn de [[Twadde Keamer]], mar naam dêr ôfskied om bestjoersfoarsitter te wurden fan [[Rabobank Nederlân]].
 
Fan [[1982]] oant [[1997]] wie Duisenberg presidint fan de [[Nederlânske Bank]], dêrnei waard hy aktyf yn de [[Europeeske Monetêre Uny|EMU]]. Yn [[1998]] waard hy de earste presidint fan de Europeeske Sintrale Bank, mei de Frânsman [[Christian Noyer]] as fice-president. Hy soe dy funksje yn earste ynstânsje op 9 july [[2003]] op syn 68e jierdei dellizze. Syn opfolger, Jean-Claude Trichet, wie yn Frankryk yn opspraak rekke, en earst neidat in ûndersyk nei syn hanneljen by de teloargong fan de bank [[Credit Lyonnais]] troch de Frânske jústysje ôfrûne wie, koe Duisenberg op [[1 novimber]] 2003 syn funksje oerjaan.
 
[[da:Wim Duisenberg]]
[[de:Wim Duisenberg]]
[[en:Wim Duisenberg]]
[[eo:Wim DUISENBERG]]
[[es:Wim Duisenberg]]
[[fi:Wim Duisenberg]]
[[fr:Wim Duisenberg]]
[[id:Wim Duisenberg]]
[[it:Wim Duisenberg]]
[[ja:ウィム・ドイセンベルク]]
[[lb:Wim Duisenberg]]
[[li:Wim Duisenberg]]
[[nl:Wim Duisenberg]]
[[no:Wim Duisenberg]]
[[pl:Wim Duisenberg]]
[[sv:Wim Duisenberg]]
[[zh:維姆·德伊森貝赫]]