Syordemastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Syordemastate''', oare namen '''Sjordemastins, Sjursmastins, Sjoordastins, Sjordastate, Sjoerdamastate, Sjoerdastate, Sjurdema-guet''', stie ten westen fan Kollum, gemeente Kollumerlâ...
 
L [[]]
Rigel 1:
'''Syordemastate''', oare namen '''Sjordemastins, Sjursmastins, Sjoordastins, Sjordastate, Sjoerdamastate, Sjoerdastate, Sjurdema-guet''', stie ten westen fan [[Kollum]], gemeente [[Kollumerlân]], eat ten súdwesten fan [[Bootsmastate]]. Fan de [[stins]]/[[state]] is neat werom te finen.
 
Bestie al yn de [[15e ieu]], mar is mooglik al eadrderearder ûntstien. Sjoorda of Syordema te Kollum is in foarbyld fan in stins dy 't al ier ôfbrutsen waard.* De namme komttkomt lykwols oerien mei dy fan in yn manlike line útstoarn laach dat yn froulike line trochlibbe yn de lettere besitters. Ek yn oare doarpen wiene sokke stinzen. **
 
Yn de 15e ieu komme yn Kollum meardere Sjoerda's foar. Lykas Taekie Sjursma dy't yn 1477 yn de tsjerke begroeven waard, Sybe Sjurda, meirjochter yn [[1482]], en Tjepcke Sjoerda. Syn goederen waarden yn 1517 ferbeurd ferklearre en oan de fjildhear Lubbert Turck jûn. Dat Tjepcke de stins bewenne docht bliken út genealogyske hânskriften dêr't yn fermelde stiet dat Jens fan Siorda of Sjordema fan Collum, de dogter fan Tjepke Sjiorda op Sjordamastins oan de Buren mei Feyo fan Goslinga troude. Se waarden yn 1501 en 1546 yn Driezum begroeven, dêr't se op Jarichsma wenne hienen.***<br>