Slach by Barrahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk dien
No edit summary
Rigel 7:
Bocka Harinxma mobilisearre fuort syn manlju en sette him fanút Snits mei in legerke op wei nei Ljouwert. Mar wylst de Snitsers nei Ljouwert oploeken, hienen de Hottingas yn it geheim in neutraliteitsferdrach mei de Grinzers sletten, dêr't nei alle gedachten de net hertlike ferstânshâlding tusken beide geslachten in rol by spile hawwe sil.
 
By Barrahûs, ticht by Ljouwert waard it leger fan Bocka ferneatigjend ferslein. By de efterfolging fan de flechtsjenden fûnen nochal wat gewelddiedichheden plak dêr't benammen leden fan de Ljouwerter meente har skuldich oan makke hawwe soenen. De Grinzers en Ljouwerts bûten har oerwinning út troch alle doarpen tusken Ljouwert en Rauwerd, te brânskatten en in oantal stinzen fan Skieringers û.o. dy fan [[Piter Kamstra]] waard ferwoaste.
 
== Gefolch ==