Middelsee: ferskil tusken ferzjes

1.364 bytes grutter ,  16 jier lyn
L
Tebek set ta de ferzje fan "Theun"
No edit summary
L (Tebek set ta de ferzje fan "Theun")
[[Ofbyld:Middelsee.png|right|thumb|300px]]
De '''Middelsee ''', ek wol ''Bordine'' neamd, wie de mûning fan de [[Boarn]], dêr't it tij it frij hie. De Middelsee foarme de ôfskieding tusken [[Westergoa]] en [[Eastergoa]], en rikte sa súdlik as [[Snits]], dat begûn is op de dyk fan de Middelsee.
 
Yn de rin fan 'e tiid is de Middelsee hieltiid fierder tichtslike; de gebieten dy't sa ûnstienen, waarden de [[Nije lannen]] neamd. Sa is der it doarp [[Nijlân]], mar der binne ek ferskate doarpen dêr't it part dat ea Middelsee west hat noch "it Nijlân" hjit. Dat it giet om nij lân is noch te sjen oan it lytse tal doarpen yn it gebiet fan de eardere Middelsee, de fruchtbere seeklaai is foar fierwei it grutste part as weidlân yn gebrûk naam.<br>
De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de [[Swette]] dy't tsjinwurdich fan [[Snits]] nei [[Ljouwert]] rint, mar earder trochrân oan't it begjin fan it Bilt.
 
Tsjin de [[15e ieu]] wie de Middelsee net oars mear as in grutte trachterfoarm yn de [[Westerlauwersk Fryslân|Fryske]] noardkust. Fan de [[16e ieu]] ôf, is út it ynpolderjen fan dy trachter [[It Bilt]] woeksen, dat no hiel de mûning fan de Middelsee follet.
 
Histoaryske nammen foar de Middelsee:<BR>
Bordaa, Borndiep, Boerdiep, Bordena, Bordine.
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]
[[nl:Middelzee]]
6.088

bewurkings