Mûle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: la:Os (anatomia oris)
destobbefisearre
Rigel 1:
[[File:Mouth illustration-Otis Archives.jpg|thumb|De minslike mûle]]
De '''mûle''' is wichtich part fan it [[minsklik lichem]] en hat ferskate funksjes. Sa komme troch de mûle iten en lucht it lichem yn. Yn de mûle wurdt iten fermealle en wiettich makke sadat it ynslokke wurde kin. Fierders spilet de mûle in essinsjele rol by it [[prate]]n en hat ek betsjutting foar it [[sykheljen]]. De mûle wurdt rekkene ta it [[spiisfertarringskanaal]].
 
De mûle wurdt oan de foarkant begrinzge troch de [[lip]]pen en dêrefter troch de mei [[slymflues]] (''mucosa'') beklaaide [[Boppekaak|boppe]] - en [[ûnderkaak]] (of tsjeak), dêr't de [[Kies|kiezen]] en [[Tosk|tosken]] yn sitte. Yn de boaiem fan de mûle sitte de útgongen fan de submandibulêre en sublinguale [[spuiklier]]en en dêrboppe de [[tonge]]. De sydkantenten fan de mûle wurde foarme troch de ''mucosa'' oan de binnenkant fan de [[wang (anatomy)|wangen]], dy't de spuiklier ûnder it [[ear]] (''de parotis''), de [[wangspier]]en (''masseterspier'') befetsje. Boppeoan grinzet de mûle oan de [[noasholte]], mei it hurde en sêfte ferwulft (''palatum''). Oan de efterkant giet de mûle, nei de [[hûch]] oer yn de kielholte [[farynx]].
{{stobbe-biology}}
 
De spuiklieren meitsje [[flibe]] dat ûnder oaren [[enzym|enzymen]] hat dy't in begjin meitsje mei de spiisfertarring.
 
[[Kategory:Anatomy]]
[[ay:Laka]]
[[an:Boca]]