Albert Sustring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 14:
 
It museum groeide ûnder syn foarsitterskip almar troch wat de kolleksje, de gebouwen en de aktiviteiten oanbelange en dat ûndanks dat der meastentiids mar in bytsje en bytiden hieldal gjin personiel wie. Sustring hie de deiske lieding fan it museum en dat hold ek yn dat er in protte útfierende taken hie, en dat neist syn gewoane wurk.
De belangstelling fan de hear Sustring foar uteringen fan keunst en kunstniverheidambachtskeunst brochten him ta it gearstallen fan in grutte bibleteek op dat mêd en laten ek ta syn beneaming ta foarsitter fan de Provinsjale Wolstânskommisje (de foarrinner fan [[Hûs en Hiem]]) en fan de Gemeentlike Wolstânskommisje fan Snits.
Syn wurk foar it Museum waard yn 1964 troch de Ryksoerheid wurdearre mei de takenning fan de museumpeinje. By syn ôfskied as bestjoerslid fan it museum yn 1975, nei in foarsitterskip fan 26 jier, beneamde it bestjoer him ta syn earefoarsitter, wylst hy troch keninginne beneamd waard ta ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau. De sulverseal fan it museum krige doe de namme A.M. Sustringseal.