Dam Jaarsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
bibliografy fan nl:
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dam Jaarsma hûs.JPG|thumb|right|''Dam Jaarsma hûs yn Eastermar'']]
'''Adam Aukes Jaarsma''' (''Dam''), ([[Eastermar]], [[29 july]] [[1914]] - [[Drachten]], [[10 july]] [[1991]]) wie in predikant en skriuwer. Nei in teologyske studzje yn [[Grins (stêd)|Grins]] waard er helppreker en foargonger by de Frijsinnich Herfoarme tsjerke. Hy wie folklorist en samler fan [[folkskeunst]] en redakteur fan 'It Heitelân' (1955). Hy skreau Fryske gedichten (û.o. oersettings út it [[Dútsk]] en [[Ingelsk]]). Fierders 'It skriuwboerd' (1956), bernelektuer, en toanielstikken mei Jelle van der Meulen sa as 'Rinte' (1953) en 'Fremer' (1954) en samle yn opdracht fan it (lettere) [[Meertens Ynstitút]] sa'n 15.000 folksferhalen, fral út [[De Wâlden]]. Op dit mêd wurdt er yn ien sike wei neamd mei [[Ype Poortinga]].
 
Dam Jaarsma komt ek foar yn de romansyklus ''Het Bureau'' fan de Nederlânske skriuwer [[J. Voskuil]] as J.J. Damsma.
== Bibliografy ==
*''Van een oud vrouwtje, een pannekoek en een varken'' (1954) útjouwerij Laverman, Drachten (yn 1962 yn twadde printinge ferskynd as ''Fan in âld wyfke, in pankoek en in baerch: dit âlde mearke waerd út 'e folksmûle optekene en biwurke'' en yn 1981 opnij útbrocht troch de Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje, LeeuwardenLjouwert)
*''It skriuwboerd'' (1956) útjouwerij Osinga, Boalsert
*''Uit het album van Tietjerksteradeel'', 1e printinge 1979, yn 1992 yn twadde printinge ferskynd by Interboek van Seyen, Ljouwert
*''Fan in hin en in foks: in âld teltsje: dit teltsje waard út 'e folksmûle optekene'' (1980) útjouwerij Lykele Jansma, Bûtenpost
*''Ut it gea fan Sterke Hearke: in kar út it fersprate wurk fan Dam Jaarsma'' (1987) útjouwerij Fryske Akademy besoarge troch Ph.H. Breuker, J. van der Kooi en [[J.J. Spahr van der Hoek]]
 
*Ek skreau hy, diels mei oaren as Sjouk Koopmans, Jelle van der Meulen en Hinke Castelein, ferskate toanielstikken ûnder mear foar bern.