Otto II wie [[proastproasdij|domproast]] yn [[Utert (stêd)|Utert]] en hie syn beneaming ta biskop te tankjen oan de greven fan [[Hollân]] en Hartochdom [[Gelre]]. Hy die yn [[1217]]/[[1218]] mei oan de belegering fan [[Damietta|Damiate]] yn [[Egypte]] yn de [[Krústochten|fyfde krústocht]]. Hy wreide syn [[jurisdiksje]] út ta de stêd Utert en stelde nije [[tolheffing|tollen]] yn om oan mear jild te kommen. Hy befjochte Hollân en Gelre en tekene yn [[1226]] in frede dy't geunstich foar him wie.