Spoar fan Swol nei Ljouwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "Theun"
Rigel 1:
It '''spoar fan Swol nei Ljouwert''' is in spoarwei yn [[Oerisel]] en [[Fryslân]] mei in langte fan 95 km en mei in reistiid fan likernôch 60 minuten.
 
== Stasjons ==
Oan it spoar lizze 9 stasjons:
* '''[[Swol]]'''
*:''[[Dalfsen]] / Berkum''
*:''[[Dedemsfeart]]''
*:''[[Staphorst]]''
* [[Meppel]]
*:''[[Nijefean]]''
* [[Stienwyk]]
*:''[[Willemsoard]]''
*:''[[Pepergea]]''
* [[Wolvegea]]
*:''[[Aldskoat]]''
* [[It Hearrenfean Iisstadion]]
* [[It Hearrenfean]]
*:''[[Vegelinsoard|Stobbegat]]''
* [[Akkrum]]
* [[Grou-Jirnsum]]
*:''[[Idaard-Reduzum]]''
*:''[[Wurdum]]''
* '''[[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]'''
 
== Ferbinings ==
Yn Swol hat it spoar ferbining mei oare spoaren:
* it [[spoar fan Apeldoarn nei Swol]]
* it [[spoar fan Swol nei Almelo]]
* it [[spoar fan Swol nei Emmen]]
* it [[spoar fan Swol nei Kampen]]
* it [[spoar fan Utert nei Swol]]
 
Yn Meppel hat it spoar in ferbining mei in oar spoar:
* it [[spoar fan Meppel nei Grins]]
 
Yn Ljouwert hat it spoar ferbining mei oare spoaren:
* it [[spoar fan Harns nei Ljouwert]]
* it [[spoar fan Ljouwert nei Grins]]
* it [[spoar fan Ljouwert nei Starum]]
 
== Skiednis ==
Op [[18 augustus]] [[1860]] waard yn de [[Spoarweiwet]] ûnder oaren beslet ta de oanlis fan de ferbining Swol - Ljouwert, as part fan de line Arnhim - Ljouwert. Op [[1 oktober]] [[1867]] waard it part Swol - Meppel iepene, op [[15 jannewaris]] [[1868]] it part Meppel - It Hearrenfean en itselde jier op [[1 septimber]] waard it lêste stik, It Hearrenfean - Ljouwert, iepene.
 
It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]]. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Oarspronklik wie der ek in halte Dalfsen, letter Berkum; yn [[1923]] is die lykwols sletten. Yn [[1924]] waard in halte iepene yn Stobbegat (Vegelinsoard). Yn [[1933]] waard de halte Nijefean sletten, en yn [[1935]] de halte Willemsoard en it stasjon Staphorst. De stasjons fan Pepergea en Aldskoat en de halten Stobbegat en Idaard-Reduzum waarden sletten yn [[1938]]. Ek it stasjon Dedemsfeart en de halte Wurdum waarden dat jier sletten, mar yn [[1940]] waarden se wer iepene. Stasjon Dedemsfeart waard lykwols datselde jier ek wer sletten, mar Wurdum bleau iepen oant [[1949]].
 
Fan [[1975]] oant [[1977]] waard in proef dien mei in stasjon It Hearrenfean Iisstadion. It stasjon waard lykwols wer sletten as regulier stasjon.
 
== Bysûndere halten ==
Treinen stoppe no allinnich by It Hearrenfean Iisstadion as der yn [[Thialf]] grutte eveneminten binne.