Taksonomy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
L Linnaeus
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 30:
De lêste jierren wurdt der yn de fakgebieten [[ynformatika]] en [[kunstmjittige yntelliginsje]] besocht in kompjûter automatysk in taksonomy meitsje te litten fan fan in samling objekten. In bekend foarbyld is it automatysk klassifisearjen fan in groep dokumenten, bygelyks foar digitale biblioteken.
 
Opfallend is dat yn dy fakgebieten ûnderskied makke wurdt tusken in taksonomy en in typology. It ferskil sit benammen yn de wizze wêrop de yndieling ta stân komt (yn de ynformaticaynformatika: it klassifikaasje-[[algoritme]]). By in taksonomy giet men út fan in groep foarbyld-objekten dy't men besiket te ferdielen. By in typology begjint men fan it konsept út: hokker eigenskippen soe in objekt normaliter hawwe kinne en dielt se dan neffens dy regels yn. Men soe sizze kinne dat taksonomyen empyrysk (ynduktyf) ta stân komme en typologyen konseptueel (deduktyf).