Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "Theun"
Rigel 1:
'''Salomon Levy''' (ûng. [[1750]] - [[17 maart]] [[1798]]) wie in slachter en keapman dy't oan'e ein fan [[18e ieu]] tahâlden hat yn de omkriten fan [[Kollumersweach]] en [[De Westerein]]. Levy is bekend wurden fanwege syn feroardieling ta de dea foar syn oandiel yn it [[Kollumer Oproer]].
 
==Komôf==
Sa't syn namme al oanjout wie Salomon Levy fan joadsk komôf. Hy waard om 1750 hinne berne yn de Dútske steat Hessen. Wêrom Levy krekt yn de omkriten fan [[Kollum]] bedarre, is net bekend. Wol is it sa dat yn dy tiid in soad keaplju út de Dútske steat Hessen alle jierren mei harren negoasje nei [[Nederlân]] tôgen, oer de saneamde [[Hessewei|Hessewegen]]. Ek Levy kaam sa, fia de omkriten fan [[Paderborn]] en [[Munster]], nei [[Grinslân]], nei [[IJmetil]].
 
== Grinslân ==
Yn IJmetil hat er yn [[1787]] nei alle gedachten koart wenne by Izaäk Abrahams, dy't ek joadsk wie en him dêr festige hie. Yn de 18e ieu wiene der tal fan beheinings foar joaden. Se wiene net frij om har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de iennige beroppen dy't oan [[joaden]] tastien wiene. Abrahams hat ek grif ien fan dy beroppen hân, en it wie ek wat Levy die. Levy krige tastimming om him te fêstigjen yn [[Nijesyl]] by [[Grypstsjerk]]. Hy waard dêr yndie slachter en keapman, en hy huze dêr mei de net-joadske Fokje Theunis. Tegearre krigen se yn [[1788]] in soantsje, Theunis. Nei in jier of 3 as 4 ferfarre it húshâlden nei de Westerein, nei sizzen fan Levy om't er tocht dat er dêr in better bestean as slachter en keapman hawwe soe.
 
== De Wâlden ==
Earne yn de earmoedige omkriten fan De Westerein en Kollumersweach moat er wenne hawwe mei de likernôch like âlde Fokje Theunes (1759, [[Boerum]]). Njonken Theunis krigen se noch twa famkes, Ytje en Aaltje.
 
It wie yn de [[Fryske Wâlden|Wâlden]] eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar it gerjocht ferskine. Mooglik spile lykwols ek syn joadsk komôf mei by de beskuldigings. Yn alle gefal waard er mar ien kear feroardiele, ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.
 
==Kollumer oproer==
Syn belutsenens by it Kollumer Oproer fan [[3 febrewaris|3]] en [[4 febrewaris]] [[1797]] soe him lykwols needlottich wurde. De direkte oanlieding fan dat opskuor wie de arrestaasje fan in drinkebroer, [[Abele Reitses]] dy't yn in herberch lûd ferkundige dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en Fryslân noch in autonoom gewest wie. Salomon Levy soe oanfierder west hawwe fan in ploech rebellen dy't Reitses yn Kollum ûntset hawwe. Boppedat soe hy de bekende patriot [[Abel Keuning]] drige hawwe "oan repen te snijen". Keuning waard letter by [[Dokkum]] yndied molestearre.
 
Begjin [[1797]] waard [[Jan Binnes]] foar syn oandiel yn it Kollumer Oproer yn Ljouwert ta de deastref feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder maar waard in jier letter dochs oppakt. Hy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele er as ûnbetrouwber en leageneftich. Lykwols waard er foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam Levy yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] oan syn ein.
 
==Literatuer==
* Salomon Levy en syn skaei, 1950, De Haan en Kloosterman, útjûn troch de [[Fryske Akademy]]
* In fin mear as in bears, (roman) 1995, [[Rink van der Velde]]
 
==Eksterne ferwizing==
[http://home.planet.nl/~eric.ouwerkerk/generaties/salomondossier.htm Transkripsje fan strafdossiers fan Salomon Levi]