Kollumer Oproer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
L Tebek set ta de ferzje fan "B."
Rigel 1:
It '''Kollumer Oproer''' wie in opstân tsjin it patriotysk bewâld yn [[Kollum]] op [[3 febrewaris|3]] en [[4 febrewaris]] [[1797]].
 
== Tefoaren ==
De ynfiering fan de [[boargerbewapening]] yn Fryslân rôp ûnder oaren yn [[Kollumerlân]] ferset op. Sa wienen der in protte minsken dy't harren namme net opjaan woenen. De direkte oanlieding ta it opskuor wie lykwols de arrestaasje yn de nacht fan 2 op 3 febrewaris fan in drinkebroer, [[Abele Reitses]] fan [[Boerum]] dy't yn in herberch lûd ferkundige hie dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en [[Fryslân]] noch in autonoom gewest wie. Yntusken naam de ûnrêst ek te yn plakken bûten Kollumerlân. Dy drokte wie it meast merkber yn [[de Westerein]].
 
== 3 febrewaris ==
De deis dêrop kaam in protte minsken, fral út it westen fan [[Kollumerlân]] nei Kollum. Under oanfiering fan [[Salomon Levy]] fan de [[Kollumersweach|Sweach]] en [[Jan Binnes]] fan [[Aldwâld]] twongen se de sekretaris te soargjen dat Reitses frijlitten waard. Lykwols waard it bewâld yn Ljouwert warskôge, dat der waarden fersterkings nei Kollum ta stjoerd dy't ûnder oaren Jan Binnes yn de tsjerke finzen setten.
 
Yn de Westerein wiene der rellen yn'e herberch fan [[Keimpe Heines]] en syn frou [[Tjitske Pieters]]. Hja ha dêr letter hege boetes foar krigen.
 
== 4 febrewaris ==
De oare deis kamen de oanhingers fan Jan Binnes werom nei Kollum, no ek mei lju út Boerum en út de [[Dongeradielen]] en ferdreaunen de troepen fan de patriotten út Kollum. Dêrby soe Levy drige hawwe de bekende patriot [[Abel Keuning]] "oan repen te snijen" as er him seach. Yndie waard Keuning letter dy dei by Dokkum molestearre. Yntusken waard der in detasjemint ruterij nei Kollum stjoerd, dy't de rêst yn de flek werombrocht.
 
== Ofrin ==
De folchjende dagen waarden yn hiel it noarden en noardeasten fan Fryslân rebellen oanhâlden. Oan 168 finzenen waarden straffen oplein. Begjin 1797 waard Jan Binnes foar syn oandiel yn it trelit yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] ta de deastref feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder maar waard in jier letter ek oppakt. Levy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele hy as ûnbetrouwber en leageneftich. Lykwols waard ek Levy foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam hy yn Ljouwert oan syn ein.
 
==Ferwizing==
* [http://home.planet.nl/~eric.ouwerkerk/generaties/salomondossier.htm Transskripsje fan de rjochtbank ferslaggen fan Levy]
 
==Literatuer==
* Een revolutie ontrafeld; politiek in Friesland 1795 - 1798'. Utjouwerij Van Wijnen, Frjentsjer
* Kollumer Oproer van 1797 - B.K. van der Veen - Skipper Publishing, 1994