Pelota: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
OS 1924
L plaatsjes
Rigel 1:
[[Ofbyld:Elizondo trinquete.jpg|thumb|Pelote op in fronton yn Baskenlân]]
[[Ofbyld:Paleta_corta.jpg|thumb|In ''pala'' of ''paleta'', slachhout]]
[[Ofbyld:Chistéra.jpg|thumb|In ''xistera'' of ''chistéra'']]
[[Ofbyld:Ustaritz_Fronton_Pala.jpg|thumb|Fronton libre yn Ustaritz]]
'''Pelota''' ([[Baskysk]] en [[Katalaansk]]: ''Pilota '', Frânsk: ''Pelote'' fan it [[Latynsk]]e ''Pila'') is in [[balsport]] besibbe oan it [[keatsen]] dy't yn ferskillende farianten spile wurdt yn [[Baskenlân (regio)|Baskelân]] en [[Kataloanje]], mar wêrfan yn [[Midden-Amearika]] al troch de Maja, Asteken en Tolteken in soartgelyk spul spile waard ûnder de namme [[Nahuatl]] (Asteeksk).
 
Line 4 ⟶ 8:
 
== Baskysk Pelota ==
[[Ofbyld:Ustaritz_Fronton_Pala.jpg|thumb|Fronton libre yn Ustaritz]]It spul wurdt spile mei hurde massive gummyballen. Dêrby wurdt de bal mei de bleate han (''Pelota mano'') as mei in helpmiddel yn ien-tsjin-ien as mei meardere spilers ôfwikseljend tsjin de frontmuorre slein. Der binne fjouwer baantypes: it [[fronton libre]] (ien frijsteande muorre), it [[trinket]] (4 muorren, mei links in soarte fan ôfdakje), in fronton mei in linker muorre ("la mur á gauche", 2 as 3 muorren) en de Jai-alai baan (3 muorren). Troch de kombinaasje fan de baan en de brûkte helpmiddels binne der 22 farianten yn it Baskysk spul te beneamen. Dat oantal is feitlik noch grutter omdat de grutte fan de teams ek noch fariearet. De telling liket in soad op dy fan it Fryske keatsspul en tennis. Yn 'e regel wint it partoer dat as earste 22 punten hellet.
 
De "want" by it Pelota hat him yn ferskillende regio's ferskillend ûntwikkele. Fan in ienfâldich slachhout (''Pala''), fia in racket nei de meast ekstreme foarm, de Cesta, in flochten healrûne ferlinging fan de earm wêryn de bal opfongen wurdt en yn deselde beweging mei hege snelheid wer nei de muorre slingere wurdt. Mei dat materiaal is yn Amearika it saneamde [[Jai-alai]] ûnstien, de [[balsport]] wêrby de ballen de heechste snelheid helje (oant boppe de 300km yn it oere).