Septimius Sevearus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf, red
No edit summary
Rigel 15:
Al gau beluts Severus syn soannen by it regear fan it ryk. Hy joech Karakalla yn [[195]] de titel ''Caesar'' en liet de [[senaat (Rome)|senaat]] Albinus ta steatsfijân ferklearje. Severus fersloech Albinus yn ien fan de grutste fjildslaggen út de Romeinske skiednis, nammentlik yn [[slach by Lyon|Lugdunum]] op [[19 febrewaris]] [[197]]. Albinus moast flechtsje en die himsels tekoart.
 
Neidat Severus de steat yntern op oarde brocht hie woe hy dizze ek nei bûten ta fersterke. De eardere ferovering fan Mesopotaamje wie as definsive maatregel dien en bedoeld om de wolfearende provinsje Syrje mear feiligens te bieden, en yn dat ljocht moat ek syn twadde Partyske fjildtocht sjoen wurde. Yn 197/198 fear hy de rivier de [[Eufraat]] ôf en ferovere ferfolgens tegearre mei syn soans [[Partje|Partia]] en de haadstêd [[Ctesiphon]] dy't troch him leechrôve waard, alle manlju deade en de om-ende-by hûnderttûzen froulju en bern dy't it oerlibbe hienen as slaven meinomd. Karakalla krige no de titel fan ''Augustus'' (meikeizer) en syn jongste soan Geta joech er de frijkommende titel ''Caesar''. Yn [[209]] liet er ek Geta beneame as meikeizer.
 
Fan 208 oant 211 wie Severus in Brittanje en joech dêr lieding oer oan in rige fjildtochten tsjin de [[Kaledoanjers|Kaledoanyske]] stammen út wat tsjintwurdich Skotlân is.