Offa fan Mersia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
L [[]]
Rigel 8:
Offa wie ûnferbidlik foar syn tsjinstanners yn it suden oer. Oan de ein fan syn regearperioade behearske er hiel Ingelân besuden de rivier de Humber. Hy liet in lange wâl oan de grins mei [[Wales]] oanlizze ([[Offa's Dyke]]), besteande út in dyk mei sleatten.
 
Offa ûnderhannele teffens mei keizer [[Karel de Grutte]]. In plan foar in houlik tusken harren bern gie lykwols net troch. Om syn macht noch fierder fuort te sterkjen gie er op besite by de [[paus]] yn 792. Under syn bewâld waard ek om 785 hinne de Ingelske sulveren penny ynfierd.
 
Syn súkses by it opbouwen fan in sterk ryk joech wol in soad skeel mei- en ferset fan oare lytse keninkriken. Lang om let waard Mercia yn [[825]] yn de slach by Ellendun ferslein troch [[Egbert fan WessexWesseks]], wêrnei't de keningen fan Wesseks de oerhân krigen.
 
Offa waard nei syn dea opfolge troch syn soan, [[Ecgfrith fan Mercia|Ecgfrith]] yn 787 (de âldstbekende kroaningsseremony) , dy't noch gjin fiif moanne regearre omdat er stoar. Hy liet gjin bern nei. Doe waard [[Coenwulf fan Mercia]] kening. Offa is bedobbe yn [[Bedford]].