Noarderein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
oanfollinkje
Rigel 1:
'''Noarderein''' is in [[buorskip]] by [[Drachten]] yn de gemeente [[Smellingerlân]].
 
It Noarderein is in rige huzen en pleatsen oan de útein fan de eardere (Noarder) Dwersfeart en kaam yn de sechtiger jierren wat apart fan Drachten te lizzen troch de oanlis fan de noardlike rûnwei. Letter waard it buorskip nei it easten ta ôfsluten troch de Wâldwei, dy't yn de [[21e ieu]] ek nochris ferdûbele waard. De strjitte kaam sa isolearre te lizzen fan Drachten. De trochgeande dyk nei de Folgeraleane is allinnich tagonklik foar bestimmingsferekear.
 
Yn oktober 2010 krige it fan de gemeente de offisjele erkenning as buorskip. Yn it earstoan woe de gemeente allinnich buorskippen erkenne dy't dat eartiids ek wiene. Omdat elkenien fan it beëage buorskip Noarderein ynstimde waard dizze status ek oan Noarderein ferliend. Betingst wie wol om in kultuerhistoaryske beskriuwing te meitsjen.