Offa fan Mersia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L [[]]
Rigel 6:
In soad skiedkundigen beskôgje Offa as de meast machtige [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] kening foar [[Alfred de Grutte]]. Hy naam de macht nei in boargeroarloch en slagge yn it oerhearkjen fan oare lytsere foarsten. Hy fersterke syn posysje troch syn dochters út te houlikjen oan de keningen fan [[Wesseks]] en [[Northumbria]]. Offa wie de earste hearsker dy't ‘kening fan de Ingelsken’ neamd waard.
 
Offa wie ûnferbidlik foar syn tsjinstanners yn it suden oer. Oan de ein fan syn regearperioade behearske er hiel Ingelân besuden de rivier de Humber. Hy liet in lange wâl oan de grins mei [[Wales]] oanlizze ([[Dyk fan Offa|''Offa's Dyke'']]), besteande út in dyk mei sleatten.
 
Offa ûnderhannele teffens mei keizer [[Karel de Grutte]]. In plan foar in houlik tusken harren bern gie lykwols net troch. Om syn macht noch fierder fuort te sterkjen gie er op besite by de [[paus]] yn 792. Under syn bewâld waard ek om 785 hinne de Ingelske sulveren penny ynfierd.