Ferskil tusken ferzjes fan "Teodoarik I"

23 bytes lytser ,  10 jier lyn
L
Bot - fuort: simple:Theodoric I; tekstwiziging
L (Bot - derby: simple:Theodoric I)
L (Bot - fuort: simple:Theodoric I; tekstwiziging)
It Romeinske leger yn Galje, dat ûnder befel stie fan de ''magister militum'' [[Aetius]] koe de earste jierren net folle dwaan tsjin de opstân fan de Fisigoaten. De Romeinen hienen de hannen fol om harren hearskippij te werstellen yn de rest fan Galje. Nei [[430]] kaam it Romeinske leger nei it suden om de Fisigoaten te betwingen. Yn de [[slach by Arles]] waarden de Fisigoaten ferslein en moast kening Diderik de Romeinske supremasy erkenne.
 
== Kriich mei de Romeinen (437-439) ==
Doe't it Romeinske leger yn [[436]] wiidweidich op fjildtocht wie tsjin de [[Boergonden]] en de [[Bagauden]] ûntdie Diderik him foar de twadde kear fan it ferdrach mei de Romeinen. Opnij besocht Diderik syn grûngebiet te fergrutsjen rjochting de Middellânske See. Hy oermastere de stêd [[Narbonne]] en krige it kustgebiet yn hannen. De Romeinen wienen pas yn [[437]] ree om tsjin de Fisigoaten op te lûken. Mei de nije oermastering fan de stêd Narbonne begûn in twa jier doarjende kriich. In Romeinsk leger dat ûnder befel stie fan generaal [[Lotorius]] soe der lang om let yn slagje om in belis te slaan om de Fisigoatyske haadstêd Tolouse en de frede ôf te twingen. Dêrnei hâlde Diderik him rêstich, wol wegere hy safolle mooglik mei te wurkjen mei de Romeinen.
 
* [[Hermann Schreiber]]; ''de Goten'': vorsten en vazallen (1979)
 
[[Kategory: Kening fan de Fisigoaten]]
 
[[bg:Теодерих I]]
[[pt:Teodorico I]]
[[ru:Теодорих I]]
[[simple:Theodoric I]]
[[sk:Teodorich I.]]
[[sr:Теодорик I]]
45.769

bewurkings