De Bilt (gemeente): ferskil tusken ferzjes

Nederlânske gemeente
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 okt 2010 om 08.06

De Bilt is in gemeente en in doarp middenyn de provinsje Utert. De gemeente hat 42.072 ynwenners (2010) en in oerflak fan ± 67 km² (wêrfan amper wetter). It doarp De Bilt hat 10.465 ynwenners (1 jannewaris 2005).

Lizzing De Bilt
Gemeentehûs De Bilt

De gemeente hat de neikommende doarpskearnen: De Bilt, Bilthoven, Groenekan, Hollandsche Rading, Maartensdijk en Westbroek.

De gemeente hat twa spoarstasjons. Stasjon Bilthoven oan it spoar Uttert-Amersfoort en stasjon Hollandsche Rading oan it spoar Utert-Hilfertsom. De snelwegen A28 en A27 rinne ek lâns of troch de gemeente.

It Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút sit al sûnt 1897 ten suden fan it plak De Bilt. In oare grutte wurkjouwer yn de gemeente is it RIVM.

In diel fan de gemeente (De Bilt en Bilthoven) is ûnderdiel fan de agglomeraasje Utert.

De hjoeddeiske gemeente De Bilt is op 1 jannewaris 2001 ûntstien út in gearfoeging fan de gemeente De Bilt (De Bilt en Bilthoven) en de eardere gemeente Maartensdijk (Maartensdijk, Westbroek, Hollandsche Rading en Groenekan).

De Bilt hat 66 ryksmonuminten.

De Bilt moat net betize wurde mei de Fryske gemeente en streek It Bilt.