Albert Egges van Giffen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Redburd (oerlis | bydragen)
Allez!
 
Redburd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Professor Dr. Albert Egges van Giffen''' wie in [[archeolooch]] ferbûn oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Mei syn ferneamde ûndersyk nei [[terpen]] yn Noard-Nederlân waard it fundemint lein foar de moderne Nederlânske archeology.
 
Yn [[1908]] begûn de doe 24-jierrige biologystudint Van Eggen oan syn ûndersyk nei de terpen, yn Grinslân ek wol wierden neamd. In soad terpen waarden yn dizze tiid ôfgroeven en wichtige ynformaasje út it ferline rekke op dizze wize wei. Dochs kamen der ek in bulte dingen út de mysterieuze heuvels wei dy't bewarre waarden. Van Eggen ûndersocht dizze fûnsten en besocht terpôfgravings lykas yn Dorkwerd. Hy kaam as earste ta de konklúzje dat terpen echte wenheuvels wienen. Yn 1916 begûn er mei sistimatyske ôfgravings fan Esinge en Leens. Foar de stêdsarcheology fan de stêd Grins hat er ek wichtich wurk ferset.
 
Yn [[Fryslân]] ûndersocht Van Giffen ûnder oare de oerbliuwsels fan it kleaster Klearkamp by Rinsumageast. Op guon grêffjilden út de betiide Midsieuwen yn 'e buertomkriten fan Dokkum wie Van Giffen in bekinde ferskining. Yn 'e tritiger jierren wie de professor belutsen by de archeologyske aktiviteiten by de grêfheuvels yn de Stellingwarfen. Tidens de Twadde Wrâldkriich hiene de allerearste bewennersspaorenbewennersspoaren yn de Fryske terpen de oandacht fan Van Giffen. Op basis fan syn gegevens koe letter de herkomst fan de Friezen fêststeld wurde. Kontakten wiene der mei de Fryske archeologen H.J. Popping, H. Halbertsma en P.C.J.A. Boeles.
 
 
Yn it [[Grinzer Museum]] is oantenmei 24 febrewaris 2006 in tentoanstelling oer it ûntstean fan de terpen te besjen. Yn it Noardelik Skipfeartmuseum oan de Brugstraat yn Grins is oantenmei 9 april 2006 in eksposysje te sjen oer de ôfgravings en it ferfier fan terpmodder.